Risseltaten 2018-2022



"Sin oan om fierder te bouwen oan Waadhoeke" (Jan Dijkstra)

Wat hat FNP Waadhoeke de ôfrûne fjouwer jier foarinoar krigen?
In tal risseltaten fanút it FNP-program 2018-2022
 
1. Ferbining mei ús ynwenners & tichtby bestjoere
- Der kamen doarps-en wykkoördinatoaren.
-Jild waard ynset foar plannen fan ûnderop, troch it Doarp- en Wykfûns en it Iepen Mienskipsfûns.
- Der is jild frij makke foar in moetingsromte yn elts doarp, mei dêrby in ûnderhâldsplan.
- Wy makken gebrûk fan de kennis en kunde fan ús ynwenners troch ynrinjûnen, enkêtes en de ynset fan kearnteams.
- ... en dan binne wy der grutsk op dat Marsum, Ritsumasyl, Deinum, Blessum en Boksum der manmachtich foar keazen hawwe om by Waadhoeke te bliuwen.

2. Griener, mear bioferskaat, stipe foar it lânskip en erfguod
- Troch de FNP kiest ús gemeente foar ekologysk bermbehear.
- Der kamen flintertunen, flintersingels en Waadhoeke waard lid fan it FryskeBijepakt.
- Waadhoeke docht as nije gemeente mei oan de jierlikse boomfeestdag.
- Waadhoeke stipet de oanlis fan "voedselboskjes".
- Ús gemeente stipet agraryske kollektiven foar ikkerrânebehear en fûgellân en is oansletten by de ambysjes fan Greidhoeke+.
- In tal âlde boere- en tsjerkepaden binne of wer brûkber, óf der leit in plan foar klear. Tink oan Deinum-Blessum.
- Ek binne wy útein setten mei it yn byld bringen fan alle weardefolle panden en lânskipseleminten. Tink oan de beskerming fan de kultuer-histoaryske beamwallen tusken Marsum en Wier.
- Bern krije natoer- en miljeuedukaasje. Ynset bliuwt om dat safolle mooglik te keppeljen oan Frysk en Biltsk. 

3. Mear taal, meartaligens en sadwaande ynvestearje wy yn ús kultuer
- Taal hat in protte romte en oandacht krigen. Sjoch úteringen yn it gemeentehûs. De kampanje ‘Moai dyn aigen taal' waard ûntwikkele.
- Der kaam in taalkoördinator om meartaligens de kommende fjouwer jier fierder del te setten.
- Troch petearen yn it taalplatform ferbine wy minsken mei ideeën.
- Taal waard ferweven yn beliedsstikken, lykas by it bermbehear yn de foarm fan de Fryske, Biltske of Franeker plante- en bistenammen. 
- Der kaam in sterke kultuernota, sadat elts meidwaan kin. En der is jild foar nije prebearsels.
- Der is in goede subsydzjeregeling foar musyk, toaniel, keunst en âldheidsferienings. 
- Wy hawwe de Koornbeurs oereinhâlden yn drege tiden. Troch ús belied hellet de Koornbeurs no provinsjaal jild binnen. 
- Museum Martena en Planetarium krigen jild foar fernijing en ferdjipping fan de tema's Franeker Akademy en Anna Maria.
- We dogge mei oan Sence of Place; ha al de ‘Gemalen Verhalen' rûte, it bankje op Koehoal ‘watdataangaat' en we ha ek ‘it Dijk van een Wijf' binnen helle foar oan de Slachte by Easterbierrum.   
 
4. Ferstandich foarútsjen nei in enerzjyneutrale gemeente yn 2040
- Waadhoeke toande ambysje om skjinne enerzjy sels op te wekken. Dat betsjut:
0 Dat in team fan fjouwer amtners hjir fêst oan wurket,-
0 Wy tûk ferbine tusken bioferskaat, enerzjy en sirkulariteit,
0 De gemeentlike organisaasje foarop rint troch te kiezen foar elektryske gemeenteauto's en ark foar de bûtentsjinst.
0 In unike ynset tsjin ûnnedige ljochtfersmoarging. It tsjuster kriget beskerming.

 5. Problemen oplosse op de wenningmerk, leefberens ferbetterje
- Der kaam goed belied op húsfesting foar arbeidsmigranten, lykas praktyske oplossings yn St. Jabik.
- Wy sette yn op alternative wenfoarmen, sjoch nei ‘Lyts wenjen' yn Berltsum.
- Wy startten mei in gemeentlik monumintebelied. Der kaam ûndersyk nei weardefolle ynterieurs.
- Wy ha jild klear lizzen om te sjen wat de takomst wêze moat fan de leechrinnende tsjerken.

6. Mei de FNP foarop rinne, fernije en ferrasse!
- Waadhoeke hat boa's krigen dy't geregeld ynsetten wurde. 
- Der kaam in Jongerein-advysrie en in berneboargemaster.
- De gemeentefinansjes binne goed op oarder en der bliuwt romte foar nij belied.
- We geane sels wer oer it belied fan de sosjale tsjinst.- We binne Fair-Trade gemeente en SDG-gemeente.
- We sykje aktyf it oerlis mei ús boeren. - Bern meie rûnom yn Waadhoeke âlde krystbeammen ynleverje foar waarme poeier.
- Troch de FNP is der foar keazen dat elts doarp syn eigen wize fan âld papier opheljen behâlde koe.  
 


2022 FNP Fryslân - Disclaimer