23-10-2017 -

Wethâlder Jan Dijkstra


 

Kontakt:

ykeenjangmail.com

 

Facebook

LinkedIn 

Portefeuille
  • Duurzaamheid en milieu
  • Landschap, land- en glastuinbouw
  • Cultuur, erfgoed, monumenten en musea
  • Meertaligheid
  • Ruimtelijke ordening (inclusief Omgevingswet)
  • Waddenkust
  • Vervanger wethouder Kees Arendz



Wa is Jan Dijkstra?

Berne as boeresoan yn Hitsum, dêr no al hast fjirtich jier lokkich mei Yke, (skoan)heit en sûnt koart pake. Fanôf skoalle in protte wurk dien en maatskiplik altyd yn it ferieningswurk sitten. Tolve jier yn de ried fan Frjentsjerteradiel, de lêste acht jier as fraksjefoarsitter. Yn 2018 waard ik wethâlder. As lid fan it kolleezje koe ik de winsken en wearden fan de FNP omsette yn belied. Ik soe myn ynset graach fierder útwurkje wolle yn de nije perioade.

 

Jan sit sûnt begjin 2018 foar de FNP yn it kolleezje fan Waadhoeke. 

 

Wat is foar dy thús?

Thús is foar my de fertroude basis op it Fryske plattelân, mei syn lânskip, syn taal, syn omgean meielkoar, syn wurkmentaliteit en foaral: syn frijheid. En we kinne hjir op elkoar oan, dat is foar my in protte wurdich. De minsken om my hinne, wêr’t ik mei wurke ha, no mei wurkje, toaniel spylje, feest fiere kinne, studearje en neam mar op. Alles om my thús te fielen.

 

Stânpunt 1: It lânskip trochjaan

Ik wol my ynsette om it lânskip wat my sa dierber is, better troch te jaan oan ússels en elts dy’t nei ús komt. We fisualisearje dat troch de skries en de patriis werom te wollen, mar doele dêrmei fansels op it werstellen fan it hiele ekosysteem.

 

Stânpunt 2: Ús talerykdom en kultuer fersterkje

Ik wol ús talerykdom brûke as krêft en eigenwearde, foar wa as dat ek sa fielt en nei it punt ta wurkje dat ekstra oandacht foar de minderheidstalen net mear nedich is. Belangryk is dat we jonge minsken it belang fan de memmetaal erfare litte. Mei dy kennis bepaalt elts sels wol hoe as hy of sy prate, skriuwe en lêze wol. Dêrnjonken wol ik noch mear, bygelyks in goeie kultuerele ynfrastruktuur ûndersteune.


Stânpunt 3: Meielkoar skjinne enerzjy opwekke

Ik wol soargje dat wy meielkoar ús eigen skjinne enerzjy opwekke kinne en dêr ek de finansjele opbringsten fan krije. Dan dogge we ús part oan de miljeuproblemen en wurde we der ek noch streekrjocht better fan. Dêrby mei it lânskip wol wat feroarje, mar net fernield wurde. 




2023 FNP Fryslân - Disclaimer