1. Bert Vollema


 

Wenplak: TSJOM

 

FACEBOOK


TWITTER


LINKEDIN 

 

Wa is Bert Vollema?

Ik bin biologysk molkfeehâlder yn Tsjom en bin no in pear jier aktyf foar de FNP yn de gemeentepolityk. Ek bin ik bestjoerslid fan Agrarische Natuurvereniging de Greidhoeke. Earder wie ik lid fan de lede-ried fan FrieslandCampina en foarsitter fan Doarpsbelang Tsjom.     




Wat is foar dy thús?

“Thús is foar my op it foarste plak de pleats oan de Slachtedyk ûnder Tsjom. De romte, de prachtige loften, it lânskip. Ik bin der fergroeid mei rekke. Mar it is net allinnich dat: de ûntsteansskiednis fan dit gebiet hat my leard hoe bysûnder dit griene lânskip eins is. Ek fiel ik my thús by de frijheidssin dy’t net ten koste giet fan in oar. As der wat is, dan kinne we hjir op inoar rekkenje en is it meiïnoar ien. In hearlike miks fan libje en libje litte en dochs omtinken foar elkoar hawwe.

 

Stânpunt 1: Ús lânskip, ús goud

De iepen romte is ien fan de kearnwearden fan ús lânskip. Dêr moatte we hoeden mei omgean. Gjin wyldgroei oan sinne- en wynparken. We moatte sels de rezjy hâlde. Ús lânskip, ús romte, ús goud.

 

Stânpunt 2: Wenje wêr’t we wenje wolle

Elk dy’t him thús fielt yn Waadhoeke moat ek in plak hawwe. Ek hjir yn Waadhoeke is der krapte op de wenningmerk. We moatte betelber nei aard en skaal bybouwe en better oanslute by de wenfraach fan jong en âld. Wenje wêr’t we wenje wolle.. 

 

Stânpunt 3: It hoecht net perfekt, it mei ek wol wat rûger

Ik sjoch de delgong fan it bioferskaat as ien fan de grutste bedrigings fan de takomst. We binne sa wend rekke oan in omjouwing wêr’t alles kealskeard en oanharke is, dat der amper mear romte is foar insekten en fûgels. Ik wol gearwurkje mei boeren, ynwenners, gemeente en provinsje om dizze delgong te kearen. It hoecht net perfekt, it mei ek wol wat rûger.




2. Dieke van der Pol


 

Wenplak: FRJENTSJER

 

FACEBOOK

 

LINKEDIN 

 

Wa is Dieke van der Pol?
Ik bin sûnt koart ûnderwiisassistente op it Bogerman yn Snits. Hjir coach ik learlingen en stypje ik leararen. Dêrfoar ha ik yn Wageningen Bos- en Natuurbeheer studearre en wie ik aktyf by it WSSFS (Fryske studinteferiening). Dêrneist gean ik al 6 jier simmers mei minsken mei in mentale (en fysieke) beheining op fakânsje as begeliedster en dit doch ik mei in hiel soad plezier.


Wat is foar dy thús?
Foar my bin in soad dingen thús en dat is fansels dast gewoan dysels wêze kinst en ûnderdiel fan de mienskip fielst. Mar ek yn it lânskip sjoch ik myn thús. At ik moarns nei it wurk riid, sjoch ik de sinne dy t al betiid boppe it iepen flakke lân opriist, in kloft fûgels dy't opfljocht yn ‘e fierte en de buorkerijen dy't as eilannen yn't lân lizze. De mentaliteit fan ‘doch mar gewoan’, wêz nuchter en bliuw dysels. Mar ek de dingen as in bakje kofje dwaan by pake en beppe, is thús.
 
Stânpunt 1: It bioferskaat fergrutsje
Wy moatte der mei syn allen foar soargje om it bioferskaat te fergrutsjen, sadat wy ek yn de takomst in leefbere griene omjouwing foar eltsenien hâlde kinne. Net allinich de minsken moatte harren thús fiele, mar ek al it oare wat libbet. Dat jildt ek foar it libben oerdei en nachts. Lit de nacht wer donker wêze!

Stânpunt 2: In plakje foar eltsenien
Eltsenien fertsjinnet in plakje yn ‘e mienskip! Waadhoeke is fan ús allegearre en dêrom moat eltsenien him/ har heard fiele. Dêrby soe ekstra oandacht útgean moatte nei bygelyks iensume âlderen, immigranten, minsken mei in beheining of jonge minsken dy't in wenning nedich ha.
 
Stânpunt 3: Jongfolkwoeksenen ynspirearje
As jonge ûnervaren politika wol ik útfine wat ik foar de mienskip betsjutte kin en hoopje ik ek oare jongfolwoeksenen te ynspirearjen om ynfloed te hawwen op ús omjouwing.



3. Klaas H. Nieuwhof


 

Wenplak: BERLTSUM

 

FACEBOOK

 

TWITTER

 

LINKEDIN 

Wa is Klaas H. Nieuwhof?

Ik bin hikke en tein in Berltsum en bin warber yn as by Stifting Berltsummer Belangen, bestjoer op 'e Roaster, redaksje berlikum.com en yn it ferline bestjoerslid SC Berlikum jeugd, Christelijk jeugdwurk regio Harlingen-het Bildt. Yn myn wurk wie ik kok yn de krisisopfang,17 jaar. En as facilitair manager maatskiplike opfang foar 10 jier. No alwer 2,5 jier by de FBTO-klantenservice. Al dy jierren fan ynset en de erfaring ha my foarme.



Wat is foar dy thús?
It plak wêr't romte is foar eltsenien dy't dat wol. En dat der foar jongerein mooglikheden binne om in wente te keapjen en in takomst op te bouwen. Wêr't de âlderein wenje bliuwe kin, yn eigen doarp. De romte om je frij te fielen en te dwaan wat je wolle en ynfloed te hawwen op je eigen omjouwing.
 
Stânpunt 1: Mear foech, mear romte foar minsken
Minsken wolle graach ynfloed hawwe op harren mienskip, dêr komme de beste ideeën wei. FNP Waadhoeke wol minsken dy romte jaan. Dêrtroch ûntsteane der ideeën dy't droegen wurde, dat de minsken sels eigner wurde kinne fan harren foarstellen. Dat se bystien wurde yn tink– en driuwkrêft. Derfoar moasto sa út en troch bûten de besteande paden doarre te rinnen. Der stiet de FNP foar en ik ek.  
 
Stânpunt 2: Wenje wêr't wy wenje wolle
Romte foar de jongerein, âlderein en minsken mei in sosjale efterstân om harren te ûntwikkeljen en harren plak te finen wêr't se wenje wolle. En kinne. Wêr je de goede kar meitsje kinne foar de fraachstikken fan de takomst.
 
Stânpunt 3: Bioferskaat: it mei wol wat rûger
Wêr binne de bûterblommen, koweblomkes en de klaver yn it gêrslân? Wêr binne de fûgels dy't dêr profyt fan hawwe? It mei wol wat rûger. Net alles sa kultivearre en de natuer wat mear romte biede. No wurde sinneparken en wynmûnen del setten op de moaie greiden as boulân fan ús streek. Moatte je miskien sjen nei alternatieven foar de enerzjytransysje en mei de boarger sykje nei oplossingen? Mar dan ek sadat de mienskip profitearret fan de eigen opbringsten. Net út needsaak oeral mar lukraak oplossingen ûnder de tiidsdruk fan miljeu-easken ús omjouwing ûndergeskikt meitsje. It is yn útdaging dy't we oangean moatte en meiïnoar sykje nei goede oplossingen foar de mienskip mar ek foar de natuer.




4. Paul de Cock


 

Wenplak: EASTERBIERRUM

 

TWITTER

LINKEDIN 

 

Wa is Paul de Cock?

Ik woon al dertig jaar op de Terp in Oosterbierum en geniet van het ongedwongen dorpsleven. Iedereen is hier welkom om zich aan te sluiten en mee te doen. Naast mijn werk zette en zet ik me graag in voor de gemeenschap, bijvoorbeeld als secretaris van it Mienskar, voorzitter van Dorpsbelang of als initiator van de Kloostertuin, lokale energiecoöperatie Fryske Flinter en verschillende groenprojecten.



Wat is foar dy thús?

Ruim dertig jaar geleden verhuisde ik als Zeeuw naar Friesland. Nooit kon ik me toen bedenken dat ik hier in de Bjirmen van Noardwest-Fryslân zo stevig zou wortelen. Hier maakten we vrienden en kregen we onze drie kinderen. Hier begon ik met een maat uit Harlingen een communicatiebureau en verhuren we twee kerkjes als vakantiewoning.

 

Stânpunt 1: Voor jongeren een huis in eigen dorp

Veel jongeren willen graag een huis in hun eigen dorp. Laten we dat mogelijk maken! Samen met Dorpsbelang werkte ik plannen uit voor nieuwbouw in Oosterbierum. Bij de gemeente knokten we er voor daarmee aan de slag te kunnen, en met succes. Onze kennis en ervaring deel ik graag met jongeren in andere dorpen.

 

Stânpunt 2: Steun voor initiatieven van onderop

Veel mensen hebben ideeën over hun eigen leefomgeving. En gelukkig maar, want uit de gemeenschap komen vaak de beste ideeën voort. Bij gedragen initiatieven staat de FNP je graag terzijde met denk- en daadkracht, óók wanneer ze buiten de gebaande paden gaan. We helpen je om daarbij zelf sturing te houden.

 

Stânpunt 3: Positie wijken en dorpen versterken

In het gemeentehuis in Franeker vallen besluiten die wijken dorpen raken. Het is belangrijk dat inwoners die het aangaat mee kunnen denken, sturen en besluiten. Om dat te kunnen doen verdienen wijkraden en dorpsbesturen professionele steun.

 

Tot besluit: Koffie en goede raad. Voor het eerst stel ik me verkiesbaar voor de gemeenteraad. Wanneer ik als raadslid verkozen word kan ik ieders raad en suggesties goed gebruiken. Deel ze met me, onder het genot van een kopje koffie. Ik zit er op zaterdagochtend 19 maart van 10 tot 12 uur voor klaar op het kantoor van mijn

bedrijf (Terp 2, Oosterbierum). 




5. Dirk Jan de Jong


 

Wenplak: SINT-ANNE

 

LINKEDIN

Wa is Dirk Jan de Jong?

Ofsien fan ’n kort anlopy bij ’n fersekeringsmaatskappij, bin ik myn hele werkseme leven aigner weest fan Drukkerij Van Leer & De Jong in St.-Anne en útgever fan de Bildtse Post. Met dut nijsblâd hew ik, tegaar met al myn metwerkers, de ôflopene desinnia d’r foor sorgd dat de Bildtse taal en kultuur weekliks bij alle inweuners ônder ogen kwammen. Hierdeur bleef myn krant ’t belangrykste platform foor die Bildtse taal en kultuur,

’n pesisy die’t ônder de inspirerende laiding fan Gerryt Dirks al ’n stevig fonnemint kregen had, met fansels ok rúm omdinken foor de Frystaligen in ’t gebied fan de krant. Met myn pinsjonering en ’t fortfâlen fan ’n winkend perspektyf op fortsetting fan de krant, kwam 1 july 2021 inenen ’n eand an die weeklikse steun foor de talen die’t naast ’t Nederlâns soa belangryk binne foor de ferbonnenhyd fan mînsen. Fanút de gemeenteraad fan Waadhoeke wil ik mij nou – fansels naast ândere saken – sterk make foor ’t hoeden en noeden fan die talen, die’t soa dicht bij ôns staan en der’t ôns kines foor ’n groat part met opgroeie. 



Wat is foar dy thús?

Thús is foor mij ’t plakky der’t ik mij failig foel en fryndlike mînsen teugenkom. Mar fral wer’t je jesels weze kinne, wer’t je de rúmte hewwe om je ontplooie te kinnen. Dat is niet bonnen an ’n plak, want dat kin op ’t Bildt weze, maar ok in dat werme plakky an de Spaanse oastkust bygelyks; noflik weune is derbij wel ’n belangryk punt. Thús is ok dêr wer’t je kommunisere kinne, de taal prate kinne wer’t je met opgroeid binne en die’t je na an’t hart lait.

 

Standpunt 1: Nije húzzen foor 't jongereand

De FNP wil dat de gemeente grônd in erfpacht útgeeft, soadat ‘t foor ‘t jongereand makliker wort om ‘n huus te kopen. Derbij motte mînsen met ‘n soasjaal-ekonomise bining (lykas aigen inweuners) foorrang krije bij ‘t toewizen fan nije húzzen.

 

Standpunt: Ons talerykdom fersterke

’n Prot mînsen hewwe ideeën over hur aigen leefomgeving. En gelukkig maar, want út de gemeenskap komme faak de beste ideeën. Bij droegen inisjativen staat de FNP jim graag bij met dink- en daadkracht, ók at se bútten de baande pâden gaan. Wij helpe jim om der sels sturing bij te houwen.

 

Standpunt 3: Foor ‘t Bildt!

Wethouwer Jan Dijkstra het him de ôflopene fier jaar met hart en siel inset foor ‘t Bildt. Met elke stim op de FNP wort de kâns groater dat Dijkstra nag’s fier jaar syn ambisy waarmake kin om ‘t Bildt de kâns te geven met syn sterke aigenhyd Waadhoeke kleurriker te maken.




6. Doeke de Jong


 

Wenplak: BITGUMMOLE

 

FACEBOOK

 

LINKEDIN

Wa is Doeke de Jong?
Werkzaam sinds jaar en dag in de bouw, met name de weg- en waterbouw. Van sjouwer/opruimer tot bedrijfsleider. Sinds een aantal jaren zzp-er waardoor meer tijd voor andere dingen….één ervan zou raadslid voor de FNP kunnen zijn! Verder actief in besturen dorpsbelang en stichtingen. Onder andere: beheer sportvelden/gebouwen, maar ook vrijwilligerswerkzaamheden. Sinds twee jaar bezig met realisatie Landgoed Groot ter Horne en recentelijk “druk” met de buslijn 71.



Wat is foar dy thús?  

Foor mij is thús dêr wer’t je je ‘thús foele’, dus wer’t je jesels weze kinne en je je failig foele. Froeger an ‘e Nije-Dyk op ’t Bildt, dêrna op ’n heel prot plakken. In Seeland / Holland en ok wel 'in den vreemde' over de hele wereld. Nou in Beetgumermoln, in Waadhoeke. Wer’t je de mînsen kinne en ânsom.

 

Stânpunt 1: Selsbetrouwen
Minsken soenen mear eigenwaarde ha moatte. Troch`t besef groeie te litten dat wy der hjir bêst wol ta dogge. En ús wol rêde mei `n soad dingen. We binne net better as `n oar mar seker ek net minder! Wol binne wy 'ûnderskiedend. We rêde us wol mei in soad dingen', mei elkoar en troch elkoar. Self de leie ha!

 

Stânpunt 2: Begryplike regels

Dat we mei syn allen wat pragmatysker mei regeljouwing en prosedures omgean. Net as skriftgelearden dat útplúzje mar yn goed oerlis d'r útkomme en hannelje nei wat der beëage wurdt: 'Foar `t gruttere geheel'.

 

Stânpunt 3: Húsfesting yn de doarpen

Ynfulling jaan kinne oan de fraach nei maatwurk foar mei name hûsfesting yn en om de doarpen. Fan ûnderop oandroegen ideeën binne faak tige nijskjirrich en`t besjen lijen wurdich. Mei syn allen kreatievere oplossingrjochtingen ynslaan mei gebrûk fan bygelyks nije boumetoaden en oare wenfoarmen dan at wy wend binne. Dy't miskyn net krekt yn de regeltsjes passe. Sadat it helpe kin dat `t ek 'jo' plan bliuwt. 




7. Jan Dijkstra


 

Wenplak: HITSUM

 

FACEBOOK

 

LINKEDIN 

Wa is Jan Dijkstra?

Berne as boeresoan yn Hitsum, dêr no al hast fjirtich jier lokkich mei Yke, (skoan)heit en sûnt koart pake. Fanôf skoalle in protte wurk dien en maatskiplik altyd yn it ferieningswurk sitten. Tolve jier yn de ried fan Frjentsjerteradiel, de lêste acht jier as fraksjefoarsitter. Yn 2018 waard ik wethâlder. As lid fan it kolleezje koe ik de winsken en wearden fan de FNP omsette yn belied. Ik soe myn ynset graach fierder útwurkje wolle yn de nije perioade.



Wat is foar dy thús?

Thús is foar my de fertroude basis op it Fryske plattelân, mei syn lânskip, syn taal, syn omgean meielkoar, syn wurkmentaliteit en foaral: syn frijheid. En we kinne hjir op elkoar oan, dat is foar my in protte wurdich. De minsken om my hinne, wêr’t ik mei wurke ha, no mei wurkje, toaniel spylje, feest fiere kinne, studearje en neam mar op. Alles om my thús te fielen.

 

Stânpunt 1: It lânskip trochjaan

Ik wol my ynsette om it lânskip wat my sa dierber is, better troch te jaan oan ússels en elts dy’t nei ús komt. We fisualisearje dat troch de skries en de patriis werom te wollen, mar doele dêrmei fansels op it werstellen fan it hiele ekosysteem.

 

Stânpunt 2: Ús talerykdom en kultuer fersterkje

Ik wol ús talerykdom brûke as krêft en eigenwearde, foar wa as dat ek sa fielt en nei it punt ta wurkje dat ekstra oandacht foar de minderheidstalen net mear nedich is. Belangryk is dat we jonge minsken it belang fan de memmetaal erfare litte. Mei dy kennis bepaalt elts sels wol hoe as hy of sy prate, skriuwe en lêze wol. Dêrnjonken wol ik noch mear, bygelyks in goeie kultuerele ynfrastruktuur ûndersteune.


Stânpunt 3: Meielkoar skjinne enerzjy opwekke

Ik wol soargje dat wy meielkoar ús eigen skjinne enerzjy opwekke kinne en dêr ek de finansjele opbringsten fan krije. Dan dogge we ús part oan de miljeuproblemen en wurde we der ek noch streekrjocht better fan. Dêrby mei it lânskip wol wat feroarje, mar net fernield wurde. 




8. Hans Nauta


 
 

Wenplak: HITSUM

 

FACEBOOK

 

TWITTER

Wa is Hans Nauta?

Ik bin eigenaar weest fan un boatenferhuurbedryf en un teetún in Hitsum, de boël ferkocht en nou dus tyd genoêg. 

   


Wat is foar dy thús?

 Ik woan al hast 50 jaar in één fan de oudste terpdorpen fan ‘t Waadhoeke, Hitsum. Foor my doët ut spreekwoord ‘oeral thús, mar thús it bêste’ seker wel fertúten. Toendertiid kon ik hier un húske kope en su bin ik hyr telâne kommen. Un prachtug dorpke wêr’t de meensen metelkaar staan, midden in ’t feld, mar wel flakbij Franeker. Dat is foor my wel belangryk, want je blieve un Franeker! Ik foël my hier thús, tegare met myn frou. Met de boat der op út, ’t feld in om de greidefogels te beskermen of op ut fytske deur ’t Binnenpaad; foor myn gefoël leit de hele weareld an je foeten. En dat is foor my Fryslân op syn bêst!

 

Stânpunt 1: Wy binne méér maans

Foor my is ’t plattelân heel waardefol. Met ‘n kultuer en ‘n mentaliteit dy’t wezenlijk ferskilt met dy fan ’t Westen. Dêr mutte we trots op weze! Wij binne nyt sleau, koppig en dwars! De meensen hier binne puer; niks geen opsmuk, recht út ut hart! En dat is un kwaliteit! Wy binne méér maans en dat wil ik siën late. 

 

Stânpunt 2: Meer metdinke

Ik fyn ut hartstikke belangryk dat de burger, de meensen dy’t hyr woane, meer metdinke kinne. Dat der naar hun lústert wurdt. En dat der dan ok nog wat met deen wurdt!

In myn ogen mut der fleksibeler met de regeltsjes omgaan wurde. Nyt fasthouwe an wat beslist nyt kin, mar metdinke in òplòssingen! Dêr wil ik my in un nije raadsperioade graag foor insette! 

 

Stânpunt 3: Mear insette op natuerfriendelijk

Ôns landskap het in de aflopen tyd un soad op syn soademieter hat. Beesten en planten binne in groate aantallen ferdwenen. We hewwe in Koronatyd siën dat ônse eigen omgeving belangryk is. Om te genieten fan de natuer hoefe je nyt altyd fer weg te gaan. Ut sú moai weze dat we in Waadhoeke, un gemeente met feul lanbouwgrôn, mear insetten gaan op natuerfriendelijk. Je mutte mekaar in onderling overleg begripe wille.




9. Japke van Groning


 

Wenplak: FRJENTSJER

 

FACEBOOK

 

LINKEDIN

Wa is Japke?
Ik bin 42 jier, frou fan Martijn en mem fan twa dochters. Hikke en tein yn Frjentsjer mei in grut hert foar ús Fryske taal, ús lânskip en ús kultuer en dêrom ek al jierren lid fan ‘ús’ FNP. Mei in soad wille wurkje ik by De Vries yn Makkum wêr’t ik ferantwurdlik bin foar de bedriuwsskoalle en oare lear- en ûntwikkeltrajecten. Jongerein ynteressearje foar in baan yn de technyk en soargje dat minsken harsels ûntwikkelje kinne fyn ik it moaiste dat der is. Fierder bin ik graach op paad yn de natoer mei myn hynder of mei myn boatsje. 


Wat makket foar dy thús?
Thús is foar my; mei freonen en famylje yn alle frijheid, romte en frisse loft jesels wêze kinne.


10. Jurjen Politiek


 

Wenplak: FRJENTSJER/ GRINS

 

 



11. Gerben van der Mei


 

Wenplak: TSJUMMEARUM

 

FACEBOOK 

 

LINKEDIN 

 



12. Johannes Wolbers


 

Wenplak: EASTERBIERRUM

 

FACEBOOK

 

INSTAGRAM

 

LINKEDIN

 



13. Anna Martha van der Mei


 
 

Wenplak: TSJOM

 

FACEBOOK

 

LINKEDIN

Wa is Anna Martha?
De earste jierren fan myn wurkjende libben haw ik wurke yn de feefoeryndustry, dêrnei yn de polityk en op dit stuit bin ik oan it learen om yn it basisonderwiis oan de slach te kinnen. Ik spylje besbas by in fanfare, mei graach lêze en bin bestjoerlik aktyf by it fierljeppen.
 


Wat is foar dy thús?
Thús is in plak mei romte, rêst en natoer. In plak dêr’t ik mysels wêze kin en my ferbûn fiel mei de mienskip.



14. Marten Kamstra


 

Wenplak: SINT-ANNE




15. Thys van der Schaaf


 

Wenplak: BITGUM

 

 

 



16. Siep Tilma


 

Wenplak: BOKSUM

 

FACEBOOK


TWITTER      

 


Wa is Siep Tilma?

Ik bin Sijbren Klaas (Siep) Tilma en krij fan Drees. Mar bin warber yn it frijwilligerswurk fan Boksum en omjouwing. Lykas earder by fuotbalferiening Sparta '59, no SF Deinum, doarpskrante Klaver Trije foar Deinum, Boksum, Blessum en Ritsumasyl en de fûgelwacht.



Wat is foar dy thús?
Myn doarp Boksum, mar ik yn in protte oare plakken fiel ik my thús. As je tegearre op de e-bike op paad binne sjogge we pas echt wat foar moaie gemeente Waadhoeke is. Dit lêste meie we bêst grutsk op wêze!
 
Stânpunt 1: Frijwilligers
Mei minsken en frijwilligers gearwurkje en prebearje de foarsjenningen yn de doarpen yn libben te hâlden. 
 
Stânpunt 2: Gearwurkje
Ynwenners dy't hjir oars tsjinoan sjogge prebearje mei te krijen. As de noazen allegearre deselfde kant út steane kin je wat meiïnoar berikke bin ik fan betinken. Plannen meiïnoar útwurkje en sjen at je der op ien of oare wize fia fûnsen of de gemeente jild foar krije kinne.

Stânpunt 3: Natuer & lânskip
Ús lânskip mei planten, bisten en fûgels wurdt altiten ûnder in fergrutglês hâlden. Probearje hjir stappen yn foarút te setten yn pleats fan mei it fingerke te wizen.



17. Bram Bonnema


 

Wenplak: FRJENTSJER

 

FACEBOOK

 

LINKEDIN

Wa is Bram Bonnema?

Fraksjefoarsitter foar de FNP yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân; foarsitter fan it bestjoer fan it Keatsmuseum; bestjoerslid fan FNP Waadhoeke en skipper op de pont fan Keimptille.



Wat is foar dy thús?

Thús is foar my net allinne it noflik wenjen yn Frjentsjer, mar ek it meidwaan oan de mienskip. Besykje meiïnoar wat fan de grûn te tillen sadat minsken dêr aktyf en passyf wille oan belibje. Genietsje fan in moai tonielstik yn teater de Koornbeurs, mei neisit, of harkje nei in muzykútfiering fan in korps is ek thús yn Waadhoeke. Thús is ek even swimme by Roptasyl of de Slachte delrinne. En thús is it keatsfjild, foar de sport en foar de sosjale kontakten.

Stânpunt 1: Fuort mei oerstallige regeljouwing

Wy moatte ôf fan oerstallige regeljouwing. It wurdt ús hast ûnmooglik makke om noch in doarpsfeest, keatspartij of iepenloftspul te organisearjen. Jou de minsken betrouwen en fertrou op harren sûne ferstân. 

 

Stânpunt 2: Taal, sport en kultuer

Taal, sport en kultuer stiet by my heech yn it findel. Dêr ha ik my as riedslid en as wethâlder fan de FNP altyd foar ynsetten. Foar en achter de skermen bliuw ik dat dwaan. De gemeente kin mei It ûnderwiis ideeën ûntwikkelje by de oerdracht fan dizze wearden. 

 

Stânpunt 3: Bouwe foar jongerein
Wenje en wurkje is nauw meiïnoar ferbûn. Yn Waadhoeke ha de bedriuwen ferlet fan faklju. Yn de bou en yn de metaal. Hjir lizze kânsen foar it bedriuwslibben, ûnderwiis en gemeente. Slaan de hannen yn elkoar. En soargje derfoar dat dizze jongeren ek in plak hawwe om te wenjen, om hjir in takomst op te bouwen. 




18. Sietze de Haan


 

Wenplak: FRJENTSJER

 

TWITTER

Wa is Sietze de Haan?

Ik bin foarsitter fan FNP Waadhoeke en ponghâlder fan de Koornbeurs. 



Wat is foar dy thús?
Foar my is Waadhoeke myn thús. Ik bin berne en opgroeid yn Snits. No nei 19 jier wenjen yn Frjentsjer fiel ik my folslein thús yn dizze prachtige omjouwing. As ik oan Waadhoeke tink dan sjoch ik bylden fan: Romte, agrarysk gebiet, prachtige loften. Foar my is Waadhoeke de graanskuorre fan de wrâld. It gebiet wêr't noch romte is om te wenjen.
 
Stânpunt 1: It lân, ryk oan krûden
In duorsum boaiembehear. Wy moatte ta nei gerslân dat ryk is oan krûden. By de graanfjilden it blau fan de roggeblommen en it read fan de papavers. Dit sil bydrage oan in duorsum boaiembehear mei prachtige fiersichten. 
 
Stânpunt 2: Ympuls jaan oan de leefberens
It opknappen fan doarpshuzen, pleinen, sportakkomodaasjes en wenningen. Dit sil in ympuls jaan oan de leefberens mar ek oan it toerisme. Dit sil boppedat de gearhing yn de doarpen ferbetterje, dêrtroch sil romte ûntstean foar nije inisjativen.
 
Stânpunt 3: Wenje wêr't wy wenje wolle
It betelber meitsjen fan nije wenningen foar starters, wêrby 't de gemeente de grûn oankeapet. De gemeente finansierret de grûn. De troch de gemeente betelle rinte wurdt sûnder opslach oan de bewenner trochberekkene. Nei ferrin fan tiid kin de bewenner sa mooglik de grûn tsjin de oarspronklike priis oernimme. 



19. Sijbe Knol


Foto

Wenplak: SINT-ANNE

 

FACEBOOK

 

TWITTER

 

INSTAGRAM

 

LINKEDIN 

Wa is Sijbe Knol?

Sûnt 2019 mei ik de FNP fertsjintwurdigje yn Provinsjale Steaten, nei riedslid west te hawwen yn Waadhoeke. Sûnt septimber 2020 mei ik ek de partijlieder fan de FNP wêze. Ik ha in eftergrûn yn it sosjaal wurk en dat komt sa moai by-inoar. Mei minsken wurkje oan in sterke regio.



Wat is foar dy thús?

It gefoel at je weromkomme fan in moaie fakânsje of reis. De iepen fjilden, it wiidske karakter fan dizze regio. Dit is it plak dêr’t je de romte noch fiele kinne. Winterdeis op de seedyk de wyn om de earen mar ek yn de maitiid as it lân wer begjint te sjongen troch de greidefûgels en it lân wer bewurke wurdt foar ús iten. In simmer fol mei aktiviteiten en warbere ynwenners dy’t de skouders der ûnder sette. It is in gefoel. Myn plak yn dizze wrâld. De kop leechmeitsje nei in drokke dei, mei in kuier oer

Koehoal. Wy kinne der ek net om hinne: de ôfrûne twa jier hat foar my ek dúdlik makke hoe befoarrjochte wy hjir binne. Net trije heech op in flatsje fuortstoppe, mar yn in pear stappen stean wy yn it iepen fjild. Dat is rykdom.

 

Stânpunt 1: Wenje wêr’t wy wenje wolle!
Der is in stille ramp geande. Ek hjir rinne prizen fan wenningen hurd op. Der is in generaasje dy’t hieltyd dreger in wente besette kin. De gemeente sil en moat der alles oan dwaan om der rezjy op te pakken. Mei it oanfalsplan wenjen fan de FNP leit der in plan. 

 

Stânpunt 2: Us lânskip, ús romte, ús goud!
Wy sjogge in tanimmende striid om de romte. Wy moatte hjir net ferskite wat ús sa unyk makket. De romte is hjir in kearnkwaliteit en in basis foar in goede kwaliteit fan libjen. Der moatte wy sunich mei omgean. 

Stânpunt 3: Mear wurdearring foar frijwilligerswurk
It is it semint fan de mienskip. De warbere ynwenners dy’t it mooglik meitsje dat wy hjir doarpsfeesten, tintefeesten, korpsen en toanielútfierings hawwe. Sûnder in sterke struktuer fan frijwilligers kin de sport en kultuersektor net bestean.

 

Ta beslút:

De FNP is de partij dy’t foar it boppesteande stiet. Mei selsbetrouwen rjochte op de wrâld. Dizze kear bin ik ien fan de listtriuwers. Mei dit skriuwen sprek ik myn grutte betrouwen yn ús kandidaten út. Mienskipsminsken. Ut it goede hout snien! 




20. Pieter van Althuis


 

Wenplak: DEINUM

 

FACEBOOK

 

TWITTER

INSTAGRAM

LINKEDIN 



Wat is foar dy thús?

Ik fiel my al moai wat jierren thús yn Deinum. Ik wenje der yn t nijbouplan wêr't yn t ferline de sportfjilden fan Deinum wiene. Tegearre mei myn freondinne en twa bern besykje wy der prachtich moai te wenjen yn ús eigen doarp. De mienskip, wat foarinoar dwaan en it ferieningingslibben jouwe my 't  gefoel fan thús. 

 

Stânpunt 1. Stipe foar Fryske sporten

It wurdt hieltyd dreger om frijwilligers te finen. Dat jildt ek foar de Fryske sporten dy't sa wichtich binne foar de mienskip. De gemeente en oaren soene harren dúdlik útsprekke moatte foar frijwilligers en harren stypje wêr't dat nedich is. Keatspartijen moatte gjin leien ha fan bygelyks te soad regels.

 

Stânpunt 2. Wenje wêr't wy wenje wolle

It nijbouuwplan fan Deinum is in boppeslach west foar it doarp. Âlderein en jongeren kinne hjir wenjen bliuwe. In soad huzen binne enerzjyneutraal. Soks moat eins foar elts doarp yn Waadhoeke jilde kinne.

 

Stânpunt 3. Hulde foar de lokale omrop!

Ik mocht sa út en troch graach ris oanskowe by radio Eenhoorn as sportferslachjouwer. Mar de lokale omroppen ha it dreech, wylst it wol wichtich is foar sportklups, muzykmakkers, it nijs. Dêrom rom baan foar de lokale omroppen. Dat sy in sûne takomst ha meie.

 




21. Douwe Gerlof Heeringa


 

Wenplak: WESTHOEK

 

FACEBOOK

 

TWITTER

 

LINKEDIN 

Was is Douwe Gerlof Heeringa?
Fan âldsher boeresoan en berne yn Deinum (1980). Mar mear as de helte fan syn libben wrâldboarger, reiziger en altyd nijsgjirrich. Sûnt 2020 hoarekaeigner fan Waadherberch The Friezinn. In bewuste kar, omdat ik tink dat it leechdrompelich moetsjen, it dielen fan herinnerings en moaie mominten, streekeigen iten en prikkelearm genytsje de takomst hat. Yn Westhoek meitsje ik in dream wier: in eigen plak wêr't ik de wrâld útnoegje kin en it moaiste fan Fryslân sjen litte kin. Yn it deistich libben bin ik allinnich, mar noait iensum: ik hâld fan de ferskate minsken om my hinne. Dêr helje ik enerzjy út!


Wat is foar dy thús?

Ik tink dat dat op meardere plakken wêze kin. Dat sis ik ek omdat ik my thús field ha op meardere plakken op 'e wrâld. Mar no is dat Westhoek. De Ouwedyk. Oeral thús, mar thús it bêste. Hjir fiel ik de romte om my sels te wêzen. De romte om te ûndernimmen. The Friezinn  is hjir it foarbyld fan. Dat Waadhoeke kiest foar toeristyske ûntwikkeling is goed, mar dat mei yn myn eagen net te koste gean fan de eigenheid. De lytse skaal, de oars-as-oars mentaliteit. Wy hoege perfoarst net op in oar te lykjen! Ik bin ambassadeur fan wrâlderfguod de Waadsee en bin dan ek fan betingst dat toerisme yn ús streek útgean moat fan de gestage groei, net fan it snelle jild. Ferantwurlik en duorsum. Eigen en fertroud.

 

Stânpunt 1: Leve it plattelân!

Foar my is it plattelân is soad wurdich. Waadhoeke = plattelân. In kultuer en mentaliteit dy’t yn wêzen oars is as yn ‘e stêd. Dat is net frjemd as oars, it is sa as it is. Dochs bespeur ik de lêste jierren in opkomst fan belied en tinken wêr’t it plattelân lyk as de stêd wurde moat. Sa binne wy ynwenners fan Fryslân regelmjittich fuortsetten as: âldfrinzich, ûnfoldwaande en sleau. Ik bin it dêr net mei iens. Wy binne mear mânsk en ik wol dat sjen litte.

 

Stânpunt 2: Ûndernimme yn Waadhoeke

Ûndernimmerskip yn Waadhoeke. Dat sit op it stuit net yn it gemeentebestjoer. Harré: de skouders der ûnder! 

 

Stânpunt 3: Libjend lânskip

Ús lânskip en de bisten en planten ha de lêste jierren in foarse knoei hân. Yn koroanatiid ha wy oppenij sjoen hoe wichtich de eigen omjouwing is, hoe moai de natuer wêze kin. Yn ús lânbougemeente soe it goed wêze at wy mear ynsette op agrarysk-ynklusyf: “boeren met de natuur". Litte wy dy stappen foarút sette.




2022 FNP Fryslân - Disclaimer