Fraksjefoarsitter Bert Vollema - Tsjom


 

Kontakt: raadslid.vollemawaadhoeke.nl
06-30643222

Facebook

Twitter

LinkedIn 

 

 

Portefúljes

  • Bestjoer
  • Finansjes
  • Rekreasje en Toerisme

 



Wa is Bert Vollema?

Ik bin biologysk molkfeehâlder yn Tsjom en bin no in pear jier aktyf foar de FNP yn de gemeentepolityk. Ek bin ik bestjoerslid fan Agrarische Natuurvereniging de Greidhoeke. Earder wie ik lid fan de lede-ried fan FrieslandCampina en foarsitter fan Doarpsbelang Tsjom.     

 

Wat is foar dy thús?

“Thús is foar my op it foarste plak de pleats oan de Slachtedyk ûnder Tsjom. De romte, de prachtige loften, it lânskip. Ik bin der fergroeid mei rekke. Mar it is net allinnich dat: de ûntsteansskiednis fan dit gebiet hat my leard hoe bysûnder dit griene lânskip eins is. Ek fiel ik my thús by de frijheidssin dy’t net ten koste giet fan in oar. As der wat is, dan kinne we hjir op inoar rekkenje en is it meiïnoar ien. In hearlike miks fan libje en libje litte en dochs omtinken foar elkoar hawwe.

 

Stânpunt 1: Ús lânskip, ús goud

De iepen romte is ien fan de kearnwearden fan ús lânskip. Dêr moatte we hoeden mei omgean. Gjin wyldgroei oan sinne- en wynparken. We moatte sels de rezjy hâlde. Ús lânskip, ús romte, ús goud.

 

Stânpunt 2: Wenje wêr’t we wenje wolle

Elk dy’t him thús fielt yn Waadhoeke moat ek in plak hawwe. Ek hjir yn Waadhoeke is der krapte op de wenningmerk. We moatte betelber nei aard en skaal bybouwe en better oanslute by de wenfraach fan jong en âld. Wenje wêr’t we wenje wolle.. 

 

Stânpunt 3: It hoecht net perfekt, it mei ek wol wat rûger

Ik sjoch de delgong fan it bioferskaat as ien fan de grutste bedrigings fan de takomst. We binne sa wend rekke oan in omjouwing wêr’t alles kealskeard en oanharke is, dat der amper mear romte is foar insekten en fûgels. Ik wol gearwurkje mei boeren, ynwenners, gemeente en provinsje om dizze delgong te kearen. It hoecht net perfekt, it mei ek wol wat rûger.




Riedslid Dieke van der Pol - Frjentsjer


 

Kontakt:

raadslid.vanderpolwaadhoeke.nl

06-37549336

 

Facebook

LinkedIn 

 

Portefúljes

  • Doarsumens & Miljeu
  • Jeugd
  • Underwiis

 



Wa is Dieke van der Pol?
Ik bin sûnt koart Beliedsmeiwurker Bioferskaat by Gemeente Tytsjerksteradiel. Dêrfoar ha ik yn Wageningen Bos- en Natuurbeheer studearre en wie ik aktyf by it WSSFS (Fryske studinteferiening). Dêrneist gean ik al 6 jier simmers mei minsken mei in mentale (en fysieke) beheining op fakânsje as begeliedster en dit doch ik mei in hiel soad plezier.

Wat is foar dy thús?
Foar my bin in soad dingen thús en dat is fansels dast gewoan dysels wêze kinst en ûnderdiel fan de mienskip fielst. Mar ek yn it lânskip sjoch ik myn thús. At ik moarns nei it wurk riid, sjoch ik de sinne dy t al betiid boppe it iepen flakke lân opriist, in kloft fûgels dy't opfljocht yn ‘e fierte en de buorkerijen dy't as eilannen yn't lân lizze. De mentaliteit fan ‘doch mar gewoan’, wêz nuchter en bliuw dysels. Mar ek de dingen as in bakje kofje dwaan by pake en beppe, is thús.
 
Stânpunt 1: It bioferskaat fergrutsje
Wy moatte der mei syn allen foar soargje om it bioferskaat te fergrutsjen, sadat wy ek yn de takomst in leefbere griene omjouwing foar eltsenien hâlde kinne. Net allinich de minsken moatte harren thús fiele, mar ek al it oare wat libbet. Dat jildt ek foar it libben oerdei en nachts. Lit de nacht wer donker wêze!

Stânpunt 2: In plakje foar eltsenien
Eltsenien fertsjinnet in plakje yn ‘e mienskip! Waadhoeke is fan ús allegearre en dêrom moat eltsenien him/ har heard fiele. Dêrby soe ekstra oandacht útgean moatte nei bygelyks iensume âlderen, immigranten, minsken mei in beheining of jonge minsken dy't in wenning nedich ha.
 
Stânpunt 3: Jongfolkwoeksenen ynspirearje
As jonge ûnervaren politika wol ik útfine wat ik foar de mienskip betsjutte kin en hoopje ik ek oare jongfolwoeksenen te ynspirearjen om ynfloed te hawwen op ús omjouwing.
 



Riedslid Hans Nauta - Hitsum


 

Kontakt:

raadslid.nautawaadhoeke.nl

06-11400607

 

Facebook

Twitter

Portefúljes

  • Ekonomyske saken
  • Ferkear & Feiligens
  • Wurkgelegenheid

 

   


Wa is Hans Nauta?

Ik bin eigenaar weest fan un boatenferhuurbedryf en un teetún in Hitsum, de boël ferkocht en nou dus tyd genoêg.
 

Wat is foar dy thús?

 Ik woan al hast 50 jaar in één fan de oudste terpdorpen fan ‘t Waadhoeke, Hitsum. Foor my doët ut spreekwoord ‘oeral thús, mar thús it bêste’ seker wel fertúten. Toendertiid kon ik hier un húske kope en su bin ik hyr telâne kommen. Un prachtug dorpke wêr’t de meensen metelkaar staan, midden in ’t feld, mar wel flakbij Franeker. Dat is foor my wel belangryk, want je blieve un Franeker! Ik foël my hier thús, tegare met myn frou. Met de boat der op út, ’t feld in om de greidefogels te beskermen of op ut fytske deur ’t Binnenpaad; foor myn gefoël leit de hele weareld an je foeten. En dat is foor my Fryslân op syn bêst!

 

Stânpunt 1: Wy binne méér maans

Foor my is ’t plattelân heel waardefol. Met ‘n kultuer en ‘n mentaliteit dy’t wezenlijk ferskilt met dy fan ’t Westen. Dêr mutte we trots op weze! Wij binne nyt sleau, koppig en dwars! De meensen hier binne puer; niks geen opsmuk, recht út ut hart! En dat is un kwaliteit! Wy binne méér maans en dat wil ik siën late. 

 

Stânpunt 2: Meer metdinke

Ik fyn ut hartstikke belangryk dat de burger, de meensen dy’t hyr woane, meer metdinke kinne. Dat der naar hun lústert wurdt. En dat der dan ok nog wat met deen wurdt!

In myn ogen mut der fleksibeler met de regeltsjes omgaan wurde. Nyt fasthouwe an wat beslist nyt kin, mar metdinke in òplòssingen! Dêr wil ik my in un nije raadsperioade graag foor insette! 

 

Stânpunt 3: Mear insette op natuerfriendelijk

Ôns landskap het in de aflopen tyd un soad op syn soademieter hat. Beesten en planten binne in groate aantallen ferdwenen. We hewwe in Koronatyd siën dat ônse eigen omgeving belangryk is. Om te genieten fan de natuer hoefe je nyt altyd fer weg te gaan. Ut sú moai weze dat we in Waadhoeke, un gemeente met feul lanbouwgrôn, mear insetten gaan op natuerfriendelijk. Je mutte mekaar in onderling overleg begripe wille.

 

 




Riedslid Paul de Cock - Easterbierrum


 

Kontakt:
raadslid.decockwaadhoeke.nl

06-29054024

 

Twitter

LinkedIn

Portefúljes

  • Wenjen & Leefberens
  • Sosjaal Domein
  • Behear iepenbiere romte


Wa is Paul de Cock?

Ik woon al dertig jaar op de Terp in Oosterbierum en geniet van het ongedwongen dorpsleven. Iedereen is hier welkom om zich aan te sluiten en mee te doen. Naast mijn werk zette en zet ik me graag in voor de gemeenschap, bijvoorbeeld als secretaris van it Mienskar, voorzitter van Dorpsbelang of als initiator van de Kloostertuin, lokale energiecoöperatie Fryske Flinter en verschillende groenprojecten.

 

Wat is foar dy thús?

Ruim dertig jaar geleden verhuisde ik als Zeeuw naar Friesland. Nooit kon ik me toen bedenken dat ik hier in de Bjirmen van Noardwest-Fryslân zo stevig zou wortelen. Hier maakten we vrienden en kregen we onze drie kinderen. Hier begon ik met een maat uit Harlingen een communicatiebureau en verhuren we twee kerkjes als vakantiewoning.

 

Stânpunt 1: Voor jongeren een huis in eigen dorp

Veel jongeren willen graag een huis in hun eigen dorp. Laten we dat mogelijk maken! Samen met Dorpsbelang werkte ik plannen uit voor nieuwbouw in Oosterbierum. Bij de gemeente knokten we er voor daarmee aan de slag te kunnen, en met succes. Onze kennis en ervaring deel ik graag met jongeren in andere dorpen.

 

Stânpunt 2: Steun voor initiatieven van onderop

Veel mensen hebben ideeën over hun eigen leefomgeving. En gelukkig maar, want uit de gemeenschap komen vaak de beste ideeën voort. Bij gedragen initiatieven staat de FNP je graag terzijde met denk- en daadkracht, óók wanneer ze buiten de gebaande paden gaan. We helpen je om daarbij zelf sturing te houden.

 

Stânpunt 3: Positie wijken en dorpen versterken

In het gemeentehuis in Franeker vallen besluiten die wijken dorpen raken. Het is belangrijk dat inwoners die het aangaat mee kunnen denken, sturen en besluiten. Om dat te kunnen doen verdienen wijkraden en dorpsbesturen professionele steun.

 

Tot besluit: Koffie en goede raad. Voor het eerst stel ik me verkiesbaar voor de gemeenteraad. Wanneer ik als raadslid verkozen word kan ik ieders raad en suggesties goed gebruiken. Deel ze met me, onder het genot van een kopje koffie. Ik zit er op zaterdagochtend 19 maart van 10 tot 12 uur voor klaar op het kantoor van mijn

bedrijf (Terp 2, Oosterbierum).

 




Riedslid Dirk de Jong - Sint Anne


 

Kontakt:

raadslid.djdejongwaadhoeke.nl 

 

LinkedIn

Portefúljes

  • Kultuur, erfgoud monuminten en musea
  • Sport
  • Taal


Wa is Dirk Jan de Jong?

Ofsien fan ’n kort anlopy bij ’n fersekeringsmaatskappij, bin ik myn hele werkseme leven aigner weest fan Drukkerij Van Leer & De Jong in St.-Anne en útgever fan de Bildtse Post.Met dut nijsblâd hew ik, tegaar met al myn metwerkers, de ôflopene desinnia d’r foor sorgd dat de Bildtse taal en kultuur weekliks bij alle inweuners ônder ogen kwammen. Hierdeur bleef myn krant ’t belangrykste platform foor die Bildtse taal en kultuur, ’n pesisy die’t ônder de inspirerende laiding fan Gerryt Dirks al ’n stevig fonnemint kregen had, met fansels ok rúm omdinken foor de Frystaligen in ’t gebied fan de krant. Met myn pinsjonering en ’t fortfâlen fan ’n winkend perspektyf op fortsetting fan de krant, kwam 1 july 2021 inenen ’n eand an die weeklikse steun foor de talen die’t naast ’t Nederlâns soa belangryk binne foor de ferbonnenhyd fan mînsen. Fanút de gemeenteraad fan Waadhoeke wil ik mij nou – fansels naast ândere saken – sterk make foor ’t hoeden en noeden fan die talen, die’t soa dicht bij ôns staan en der’t ôns kines foor ’n groat part met opgroeie. 

 

Wat is foar dy thús?

Thús is foor mij ’t plakky der’t ik mij failig foel en fryndlike mînsen teugenkom. Mar fral wer’t je jesels weze kinne, wer’t je de rúmte hewwe om je ontplooie te kinnen. Dat is niet bonnen an ’n plak, want dat kin op ’t Bildt weze, maar ok in dat werme plakky an de Spaanse oastkust bygelyks; noflik weune is derbij wel ’n belangryk punt. Thús is ok dêr wer’t je kommunisere kinne, de taal prate kinne wer’t je met opgroeid binne en die’t je na an’t hart lait.

 

Standpunt 1: Nije húzzen foor 't jongereand

De FNP wil dat de gemeente grônd in erfpacht útgeeft, soadat ‘t foor ‘t jongereand makliker wort om ‘n huus te kopen. Derbij motte mînsen met ‘n soasjaal-ekonomise bining (lykas aigen inweuners) foorrang krije bij ‘t toewizen fan nije húzzen.

 

Standpunt: Ons talerykdom fersterke

’n Prot mînsen hewwe ideeën over hur aigen leefomgeving. En gelukkig maar, want út de gemeenskap komme faak de beste ideeën. Bij droegen inisjativen staat de FNP jim graag bij met dink- en daadkracht, ók at se bútten de baande pâden gaan. Wij helpe jim om der sels sturing bij te houwen.

 

Standpunt 3: Foor ‘t Bildt!

Wethouwer Jan Dijkstra het him de ôflopene fier jaar met hart en siel inset foor ‘t Bildt. Met elke stim op de FNP wort de kâns groater dat Dijkstra nag’s fier jaar syn ambisy waarmake kin om ‘t Bildt de kâns te geven met syn sterke aigenhyd Waadhoeke kleurriker te maken.

 




Riedslid Doeke de Jong - Bitgummole


 

Kontakt:

raadslid.doekedejongwaadhoeke.nl

06-11341233

 

Facebook

LinkedIn

Portefúljes

  • Fergunningferliening, Tafersjoch & Hanhtavenjen
  • Lanbou & Glêstúnbou
  • Rûmtlike oardening
 



Wa is Doeke de Jong?

Werkzaam sinds jaar en dag in de bouw, met name de weg- en waterbouw. Van sjouwer/opruimer tot bedrijfsleider. Sinds een aantal jaren zzp-er waardoor meer tijd voor andere dingen….één ervan zou raadslid voor de FNP kunnen zijn! Verder actief in besturen dorpsbelang en stichtingen. Onder andere: beheer sportvelden/gebouwen, maar ook vrijwilligerswerkzaamheden. Sinds twee jaar bezig met realisatie Landgoed Groot ter Horne en recentelijk “druk” met de buslijn 71.

Wat is foar dy thús?  

Foor mij is thús dêr wer’t je je ‘thús foele’, dus wer’t je jesels weze kinne en je je failig foele. Froeger an ‘e Nije-Dyk op ’t Bildt, dêrna op ’n heel prot plakken. In Seeland / Holland en ok wel 'in den vreemde' over de hele wereld. Nou in Beetgumermoln, in Waadhoeke. Wer’t je de mînsen kinne en ânsom.

 

Stânpunt 1: Selsbetrouwen
Minsken soenen mear eigenwaarde ha moatte. Troch`t besef groeie te litten dat wy der hjir bêst wol ta dogge. En ús wol rêde mei `n soad dingen. We binne net better as `n oar mar seker ek net minder! Wol binne wy 'ûnderskiedend. We rêde us wol mei in soad dingen', mei elkoar en troch elkoar. Self de leie ha!

 

Stânpunt 2: Begryplike regels

Dat we mei syn allen wat pragmatysker mei regeljouwing en prosedures omgean. Net as skriftgelearden dat útplúzje mar yn goed oerlis d'r útkomme en hannelje nei wat der beëage wurdt: 'Foar `t gruttere geheel'.

 

Stânpunt 3: Húsfesting yn de doarpen

Ynfulling jaan kinne oan de fraach nei maatwurk foar mei name hûsfesting yn en om de doarpen. Fan ûnderop oandroegen ideeën binne faak tige nijskjirrich en`t besjen lijen wurdich. Mei syn allen kreatievere oplossingrjochtingen ynslaan mei gebrûk fan bygelyks nije boumetoaden en oare wenfoarmen dan at wy wend binne. Dy't miskyn net krekt yn de regeltsjes passe. Sadat it helpe kin dat `t ek 'jo' plan bliuwt.

 




Klaas Nieuwhof - Berltsum (1e opfolger)


 

Kontakt:

06-47319213 

 

Facebook

Twitter

LinkedIn 

Wa is Klaas H. Nieuwhof?

Ik bin hikke en tein in Berltsum en bin warber yn as by Stifting Berltsummer Belangen, bestjoer op 'e Roaster, redaksje berlikum.com en yn it ferline bestjoerslid SC Berlikum jeugd, Christelijk jeugdwurk regio Harlingen-het Bildt. Yn myn wurk wie ik kok yn de krisisopfang,17 jaar. En as facilitair manager maatskiplike opfang foar 10 jier. No alwer 2,5 jier by de FBTO-klantenservice. Al dy jierren fan ynset en de erfaring ha my foarme.



Wat is foar dy thús?
It plak wêr't romte is foar eltsenien dy't dat wol. En dat der foar jongerein mooglikheden binne om in wente te keapjen en in takomst op te bouwen. Wêr't de âlderein wenje bliuwe kin, yn eigen doarp. De romte om je frij te fielen en te dwaan wat je wolle en ynfloed te hawwen op je eigen omjouwing.
 
Stânpunt 1: Mear foech, mear romte foar minsken
Minsken wolle graach ynfloed hawwe op harren mienskip, dêr komme de beste ideeën wei. FNP Waadhoeke wol minsken dy romte jaan. Dêrtroch ûntsteane der ideeën dy't droegen wurde, dat de minsken sels eigner wurde kinne fan harren foarstellen. Dat se bystien wurde yn tink– en driuwkrêft. Derfoar moasto sa út en troch bûten de besteande paden doarre te rinnen. Der stiet de FNP foar en ik ek.  
 
Stânpunt 2: Wenje wêr't wy wenje wolle
Romte foar de jongerein, âlderein en minsken mei in sosjale efterstân om harren te ûntwikkeljen en harren plak te finen wêr't se wenje wolle. En kinne. Wêr je de goede kar meitsje kinne foar de fraachstikken fan de takomst.
 
Stânpunt 3: Bioferskaat: it mei wol wat rûger
Wêr binne de bûterblommen, koweblomkes en de klaver yn it gêrslân? Wêr binne de fûgels dy't dêr profyt fan hawwe? It mei wol wat rûger. Net alles sa kultivearre en de natuer wat mear romte biede. No wurde sinneparken en wynmûnen del setten op de moaie greiden as boulân fan ús streek. Moatte je miskien sjen nei alternatieven foar de enerzjytransysje en mei de boarger sykje nei oplossingen? Mar dan ek sadat de mienskip profitearret fan de eigen opbringsten. Net út needsaak oeral mar lukraak oplossingen ûnder de tiidsdruk fan miljeu-easken ús omjouwing ûndergeskikt meitsje. It is yn útdaging dy't we oangean moatte en meiïnoar sykje nei goede oplossingen foar de mienskip mar ek foar de natuer.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer