Riedslid Gea Iedema - Frjentsjer

     

Gea Iedema april 2018

   
Portefúlje:

Finânsjes
Wurkgelegenheid
Jongerein
Taal

Fierder:

Ponghâlder Fraksje
Lid Kearnteam Omjouwing
Auditkommisje
Begelieding Jongerein Advysrie
Webbehear en sosjale media

Kontakt:

E-Post: gea.iedema@fnp.frl
Tillefoan: 0517-397168

 

Gea Iedema-Zondervan is hikke en tein yn Frjentsjer, troud en hat twa bern, wêrfan ien al de doar út is. Se is bedriuwskundige en selstannich ûndernimmer GJIZ te Frjentsjer (stipet bedriuwen mei sosjale media & de ynterne organisaasje). Derneist is se bestjoerslid fan de Commerciële Club Noordwest-Friesland en foarsitter fan Stichting Present Noordwest Friesland. Se hat in protte ûnderfining yn ferskate bestjoeren op maatskiplik mêd. Nei har stúdzje Tapaste Bedriuwskunde (2009) is se ek polityk aktyf. Sadwaande kaam se yn 2010 al op ‘e list en is se sûnt 2014 riedslid. Oant 31 desimber 2017 foar de gemeente Frjentsjerteradiel en no foar de Gemeente Waadhoeke.

"Persoanlik wol ik de ferbiner wêze tusken ynwenners, gemeentebestjoer en ambtners. Myn politike ynteresse giet út nei algemien bestjoer, saken wêrby ik graach de jongerein belûk. Dêrom sil ik ek yn Waadhoeke ferbân ynstekke om te kommen ta in Jongeren Parlemint. As riedslid fan FNP Waadhoeke bin ik der foar de ynwenners! Ik harkje nei eltsenien (nei de arguminten foar en tsjin) en kom sa ta in beslút. Fansels kin ik it net eltsenien nei de sin dwaan. Fierder wol ik fan ynsidintele moetingen en besteande gearwurkingsferbannen in ynspirearjend proses meitsje en sa inisjativen entûsjamearje.



 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer