Wethâlder Jan Dijkstra

Pòrtefully: Rúmteluke òrdening (Omgevingswet), Behear openbare rúmte, Taal, Kultuer, erfgoed, monumenten en museums, Duersaamhyd en miljeu.

Jan sit sûnt begjin 2018 foar de FNP yn it kolleezje fan Waadhoeke. Hjirûnder skriuwt hy oer wat hy belibbet.


csm Jan Dijkstra 4 052d0ea246

Jan Dijkstra sit sûnt begjin 2018 foar de FNP yn 't kolleezje. Hy is berne yn 1957 en hikke en tein yn Hitsum. Hij is troud mei Yke en se hawwe fiif bern, dy't allegearre de doar al út binne. Jan komt út in boerefamylje en hat noch in protte affiniteit mei it boerelibben. Syn heit buorke mei nocht, wie in Fries en syn mem kaam út in boeregeslacht oan de oare kant fan de ôfslútdyk; sy wie in echte West Fries.

 

Sa'n 20 jier hat Jan as sjauffeur syn wurk dien, in protte yn de agraryske sektor. Yn 2000 is Jan ôfstudearre oan de oplieding HBO maatskiplik wurk. Sûnt dy tiid wurke hy yn de ferslavingssoarch (VNN), lange tiid by de ôfdieling reklassearing. Doe't hy wethâlder waard wie hy manager fan it soarchteam fan de VNN yn Snits.




03-01-2018 - Nije grinzen, nije kânsen
Op 2 jannewaris 2018 binne de riedsleden fan FNP Waadhoeke ynstallearre. Hjir de bydrage fan Jan Dijkstra op dizze histoaryske jûn, doe noch yn syn rol as frakjsefoarsitter. Oan it ein fan de jûn is hy ynstalleard as wethâlder.

30-10-2017 - Optein oer mooglikheden enerzjyneutraal te wurden
As listlûker fan FNP Waadhoeke bin ik ôfrûne freed en sneon nei de ynternasjonale enerzjy konferinsje yn Ljouwert west. In tige nijsgjirrich barren mei lju dy’t ferstân fan saken ha. Doel is om in alternatyf te finen foar wynmûnen op it lân. Yn ús ferkiezingsprogram ha we útsprutsen yn 2040 enerzjyneutraal wêze te wollen. Ik bin der fan oertsjûge dat we dy kant op moatte en dat it helber is. Ha nije ideeën opdien, dy’t ik graach mei de ynwenners fan Waadhoeke útwurkje wolle soe.

Jan Dijkstra

Hjirûnder folget it ferslach fan FNP Fryslân.

2019 FNP Fryslân - Disclaimer