Skiednis FNP Waadhoeke

 

De gemeente Waadhoeke is foarme troch it gearfoegjen fan Menameradiel, It Bilt, Frjentsjerteradiel en de doarpen Winsum, Spannum, Baaium en Wjelsryp fan de gemeente Littenseradiel. Sadwaande ûntstie der ek ien ôfdieling, FNP-Waadhoeke. In nije gemeente hat noch gjin skiednis, mar it soe de fúzjegemeenten tekoart dwaan as we har skiednis net neame. Dêrom yn fûgelflecht de skiednis fan de FNP en Frije Bilkerts yn dizze gemeenten

 

 

Frjentsjerteradiel

 

Doe't de FNP yn 1962 oprjochte waard, folgen der algau gemeentlike ôfdielings. Nei ferrin fan tiid kaam der ek in ôfdieling yn Frjentsjerteradiel, doe noch sûnder de stêd Frjentsjer en Barradiel. Catrinus Straatsma waard yn 1970 it earste riedslid. It is net slagge om yn it âlde Frjentsjer in sit yn de rie te krijen. Yn 1979 waard Straatsma yn Frjentsjerteradiel opfolge troch Klaas Nauta. By de weryndieling fan 1984, doe't Barradiel, Frjentsjer en Frjentsjerteradiel ien gemeente waarden, kaam Jan Santema yn de ried. Yn 1986 wie der gjin plak foar de FNP oant yn 1990 Sybren van der Zwaag wer oanskowe koe. Yn 1994 namen Bram Bonnema en Haije Houtsma it stokje fan him oer. Yn 2002 koe de fraksje fierder mei trije sitten mei Bram Bonnema, Gerben van der Mei en Geesje Dijkstra as riedsleden. De trije sitten fan 2002 waarden ek yn 2006 helle en boppedat kaam de FNP yn it kolleezje, Bram Bonnema waard wethâlder. Riedsleden dizze perioade wiene Gerben van der Mei, Jan Hiemstra en Jan Dijkstra. Nei de ferkiezingen yn 2010 kaam de FNP net opnij yn it kolleezje. Bonnema waard wethâlder yn Gaasterlân-Sleat en de FNP-fraksje waard foarme troch Jan Dijkstra en Sietze de Haan. Yn 2014 behelle de FNP fjouwer sitten dy't ynnaam waarden troch Jan Dijkstra, Sietze de Haan, Gea Iederma-Zondervan en Hans Nauta. Sietze de Haan waard tuskentiids opfolge troch Bert Vollema.

 

 

It Bilt

 

Yn de gemeente It Bilt waard op 19 novimber 2009 de Ferening fan Frije Bilkerts oprjochte op ynisjatyf fan Leendert Ferwerda út Sint Anne. Ferwerda siet sûnt 2008 al mei de namme Frije Bilkerts yn de ried neidat er út de fraksje fan de PvdA stapt wie. Foar de ferklearring fan de namme Frije Bilkerts moatte wy werom yn de tiid. Yn 1974 wie Leendert Ferwerda mei-oprjochter fan de Werkgroep 't Bildt en stie ek foar dy partij op ‘e list, mar hy krige gjin riedssit. Yn 1986 rjochte hy persoanlik de politike partij Frije Bilkerts op, dy't de kiesdieler net helle. Yn 2006 kaam Ferwerda op fersyk fan de PvdA as twadde man op ‘e list en kaam mei mear as 300 foarkarstimmen yn de ried. Troch de persoanlike kar dy't Ferwerda makke by it stimmen oer bepaalde riedsfoarstellen, ûntstie der de nedige diskusje yn de PvdA-ôfdieling 't Bildt en yn de riedsfraksje. Yn oktober 2008, gie Ferwerda op eigen fersyk, nei goed oerlis en mei ynstimming fan it bestjoer fan de PvdA fan It Bilt, út de PvdA-fraksje. Ferwerda koe doe mei goedkarring fierder gean as ienmansfraksje ûnder de namme Frije Bilkerts. Dêrmei waard de namme Frije Bilkerts, yn 1986 keazen, wer yn eare hersteld.

Om yn 2010 meidwaan te kinnen oan de ferkiezings moast der in feriening of stichting oprjochte wurde. Mei stipe fan oare, har frij fielende, Bilkerts is doe de Ferening fan Frije Bilkerts oprjochte.

De leden fertsjinwurdigje as (kandidaat)riedslid op basis fan de eigen libbensbeskôglike en/of maatskiplike eftergrûn de ynwenners fan gemeente

Op 3 maart 2010 die Frije Bilkerts mei acht kandidaat-riedsleden mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn de gemeente It Bilt. Frije Bilkerts kaam mei twa persoanen yn de gemeenteried: Leendert Ferwerda en Roel Nauta. De skaadfraksje waard oant 2018 ta foarme troch de bestjoersleden. Op 19 maart 2014 wiene der opnij ferkiezings. Frije Bilkerts hat mei alve kandidaat-riedsleden dielnommen oan dizze gemeenteriedsferkiezings yn de gemeente It Bilt. Doe binne se fan twa nei fjouwer sitten gien. Op dat stuit kamen Leendert Ferwerda, Roel Nauta, Frans van der Mossel en Ben Bruinsma yn de ried.

 

 

Menameradiel

 

Yn de gemeente Menameradiel wie al ridlik gau in ploech minsken dy't in gemeentlike ôfdieling fan de FNP oprjochte. Yn 1966 waard der foar it earst meidien oan de riedsferkiezings. Der waard in sit yn ‘e wacht sleept en Hessel Bierma kaam yn de ried. Yn 1968 folge Reimer Wartena him op. Yn 1970 wiene der wer ferkiezingen en waard Herman Hettema keazen. Yn 1974 en 1978 wie it Anne Wijnstra dy't nei de ferkiezingen foar de FNP yn de ried kaam. Yn 1982 waard Anne Wijnstra opfolge troch Theun van der Mei.

Yn 1990 helle de FNP twa sitten en nêst sittend riedslid Theun van der Mei kaam Durk van der Schaaf yn de ried. Yn 1994 joech Theun van der Mei om reden fan sûnens it stokje oer oan Oane Wijnstra. Oane naam yn maaie 1996 ôfskie fan de rie en waard opfolge troch Freark Siegersma. By de ferkiezings fan 1998 waarden Durk van der Schaaf en Freark Siegersma opnij keazen. Yn 2002 helle de FNP trije sitten dy't ynnaam waarden troch Durk vd Schaaf, Freark Siegersma en Martsje de Jong. It jier 2006 wie wat de ferkiezingen oanbelanget in topjier mei fjouwer sitten foar de FNP. De FNP-fraksje bestie yn dat jier út Durk vd Schaaf, Freark Siegersma, Martsje de Jong en Frans Idsinga. De FNP kaam yn it kolleezje en levere mei Anna Martha van der Mei in wethâlder. Martsje de Jong gong yn novimber 2006 mei kreamferlof en waard oant maart 2007 ferfongen troch Thys van der Schaaf. Yn juny 2008 naam Martsje ûntslach, har opfolger yn de ried wie Thys van der Schaaf. De ferkiezingen fan 2010 ferrûnen minder foar de FNP, de partij bleau stykjen op twa sitten, mei as riedsleden Freark Siegersma en Rikus Sinnema.

Yn 2012 kaam Thys van der Schaaf opnij yn de ried om't Freark Siegersma troch sykte syn sit opjaan moast. By de ferkiezingen fan 2014 helle de FNP trije sitten, se waarden ynnommen troch sittend riedslid Rikus Sinnema, Sietie Tijsma en Haaye Hoekstra. Yn july 2016 koe Rikus Sinnema syn wurk en it riedslidmaatskip net mear kombinearje en waard hy opfolge troch Sijbe Knol.

 

 

Baarderadiel, Hinnaarderadiel en Littenseradiel

 

Nei de oprjochting fan de FNP yn 1962 kamen al ridlik gau FNP'ers yn de rie fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel. Yn Baarderadiel wenne Singelsma en yn de rie fan dy gemeente kamen al gau Tsjerk Jeh de Jong en Miene Jongsma nei foaren. Yn Hinnaarderadiel wie de foaroanman Ruerd Posthuma. Yn 1978 waard Douwe Willemsma mei foarkarstimmen yn de rie fan Hinnaarderadiel stimd. Mei de weryndieling fan 1984 krigen dy beide gemeenten in plak yn de gemeente Littenseradiel. Yn de rie kamen Mine Jongsma út Baard en Douwe Willemsma út Itens. In dreech punt nei de ferkiezings wie it plak fan it gemeentehûs. Wommels is it úteinlik wurden. Jierrenlang ha Mine Jongsma en Douwe Willemsma de partij lutsen. Yn 1993 hienen wy in boppeslach yn de rie omdat de rie it útstel fan Frysktalige plaknammen oernaam. De oanhing fan de partij groeide en yn 1994 gie de FNP fan sa'n 13% nei 21% fan de stimmen. Teake Posthuma kaam yn de rie en Douwe Willemsma waard wethâlder. Dat bleau er oant 2002. De partij hat in stevige posysje hân yn Littenseradiel. Nei it ferhûzjen fan Mine Jongsma waard Jeltsje Boersma fraksjefoarsitter en yn 2010 kaam Douwe Willemsma werom as wethâlder. De FNP gie fan 3 nei 4 sitten. Yn 2014 naam Douwe ôfskie fan de rie en as wethâlder en waard Bram Bonnema de nije wethâlder.

 

Klik hjir om te lêzen oer Fryslân en de FNP.

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer