Fraksjefoarsitter Leendert Ferwerda - St. Anna
 
   
Leendert Ferwerda april 2018    
Portefúlje:

Bestjoer
Underwiis
Kultuer

Fierder:

Wurkjouwerskommisje

Lid Kearnteam Omjouwing

Kontakt:

E-Post: leendert.ferwerda@fnp.frl

Tillefoan: 0518-401617

 

Nadat Frije Bilkerts in 2010 in de raad ferteugenwoordigd waar, bin ik lid worren fan de FNP. 'n Bewuste keus: de FNP komt op foor de aigenhyd fan Frysland met blivende andacht en fersterking fan de taalrykdom as 't Bildts, de kulturele ferskaidenhyd en 't landskap. Foor de toekomst fan 't Bildt - 't Bildt blyft 't Bildt - maakt de FNP him sterk. Binnen de nije raadsfraksy en as fraksyfoorsitter wil ik graag bijdrage an 'n blivend kontakt met en andacht foor de burgers, ferenings en organisasys in 't gebiedsdeel 't Bildt. De FNP ferbynt him met de Bilkerts.

Leendert Ferwerda

 



Riedslid Gea Iedema - Frjentsjer
     

Gea Iedema april 2018

   
Portefúlje:

Finânsjes
Wurkgelegenheid
Jongerein
Taal

Fierder:

Ponghâlder Fraksje
Lid Kearnteam Omjouwing
Auditkommisje
Begelieding Jongerein Advysrie
Webbehear en sosjale media

Kontakt:

E-Post: gea.iedema@fnp.frl
Tillefoan: 0517-397168

 

Gea Iedema-Zondervan is hikke en tein yn Frjentsjer, troud en hat twa bern, wêrfan ien al de doar út is. Se is bedriuwskundige en selstannich ûndernimmer GJIZ te Frjentsjer (stipet bedriuwen mei sosjale media & de ynterne organisaasje). Derneist is se bestjoerslid fan de Commerciële Club Noordwest-Friesland en foarsitter fan Stichting Present Noordwest Friesland. Se hat in protte ûnderfining yn ferskate bestjoeren op maatskiplik mêd. Nei har stúdzje Tapaste Bedriuwskunde (2009) is se ek polityk aktyf. Sadwaande kaam se yn 2010 al op ‘e list en is se sûnt 2014 riedslid. Oant 31 desimber 2017 foar de gemeente Frjentsjerteradiel en no foar de Gemeente Waadhoeke.

"Persoanlik wol ik de ferbiner wêze tusken ynwenners, gemeentebestjoer en ambtners. Myn politike ynteresse giet út nei algemien bestjoer, saken wêrby ik graach de jongerein belûk. Dêrom sil ik ek yn Waadhoeke ferbân ynstekke om te kommen ta in Jongeren Parlemint. As riedslid fan FNP Waadhoeke bin ik der foar de ynwenners! Ik harkje nei eltsenien (nei de arguminten foar en tsjin) en kom sa ta in beslút. Fansels kin ik it net eltsenien nei de sin dwaan. Fierder wol ik fan ynsidintele moetingen en besteande gearwurkingsferbannen in ynspirearjend proses meitsje en sa inisjativen entûsjamearje.



Riedslid Sijbe Knol - Berltsum
     

Sijbe Knol april 2018

   
Portefúlje:

Sport
Wenjen & Leefberens
Sosjaal Domein
Statushâlders

Fierder:

Lid Kernteam Mienskip
Webbehear en sosjale media

Kontakt:

E-Post: sijbe.knol@fnp.frl

Tillefoan: 06-30944415


 

De FNP is foar my de partij wer nei jongerein harke wurd en der ek wat mei dien wurdt. Wy meie grutsk wêze op ús provinsje en gebrûken. Goedkeape en beskikbere (duorsume) wenningen foar jongerein en kultuer en sport binne spearpunten wer ik my hurd foar meitsje. Yn Waadhoeke binne wy ryk oan kultuer (talen) en sport en dat moatte wy behâlde en stimulearje. Fanôf 2016 mei ik Riedslid wêze foar de FNP yn Menameradiel en der de winsken fan de mienskip en jongerein fertsjinwurdigje. In stim op de FNP is in stim foar de takomst.

Sijbe Knol



Riedslid Hans Nauta - Hitsum
     
Hans Nauta april 2018    

 

Portefúlje:

Ekonomyske Saken
Rekreaasje & Toerisme
Fergunningferliening, Tafersjoch en Hanthavenjen
Ferkear & Feiligens

Fierder:

Lid Kearnteam Mienskip
Lid PR Team FNP Waadhoeke

Kontakt:

E-Post: hans.nauta@fnp.frl

Tillefoan: 0517-452530

 

Ik bin Hans Nauta, troud mei Maartje, selsstannich ûndernimmer yn de toeristyske sektor. Neist it ferhieren fan boaten en it meitsjen fan arranzjeminten, ha wy in teetún yn Hitsum. 

Ik fyn it  tige wichtich om de leefberens yn stân te hâlden. Mei elkoar der wat moais fan te meitsjen. Yn in leefbere mienskip, wêr't elts him thús fielt! Mei elkoar troch de tiid, útgean fan eigen krêft, yn ús eigen taal, as dat no Frysk, Bildts of stêdsfrysk is..... Tinke yn oplossings, net yn problemen!

Dêrom stean ik op de kandidatelist fan de FNP  - de ôfrûne fjouwer jier wie ik riedslid foar FNP Frjentsjerteradiel en ik wol my hiel graach nochris ynsette foar alle minsken yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke.

 



Riedslid Haaye Hoekstra - Berltsum
     

Haaye Hoekstra april 2018

   
Portefúlje:

Lanbou en Glêstúnbou
Rûmtlike oardening
Behear Iepenbiere romte
Doursumens en miljeu

Fierder:

Lid Presidium
Foarsitter Kearnteam Omjouwing

Kontakt:

E-Post: haaye.hoekstra@fnp.frl

Tillefoan: 0518-461898

 

Waadhoeke is in feit, in nije gemeente mei nije kansen, mar foar de boarger ek in gemeente op gruttere ôfstân. As riedslid foar de FNP hoopje ik ek yn Waadhoeke wat betsjutte te kinnen foar de minsken yn ús nije gemeente en ôfmeitsje te kinnen wat wy yn de wjeryndielingskommisje yn gong setten ha. Spearpunten út it FNP ferkiezingsprogram binne foar my:


•    De gemeente ticht by de boarger te halden, begelyks troch thûsservice (bringen fan in nij rybewiis ensfh.).
•    Elts doarp, hoe lyts ek, in eigen doarpshûs of doarpskeamer, wêr minsken in oar moetsje kinne.
•    Behâld fan sportfersjennings en kuierpaeden rûn de doarpen. Dit draagt by oan in sûne leefomjowing.
•    Kuierje en ûntspanne yn in moai lânskip en genietsje fan fee yn de greiden, de blommen, en fûgels, wjêrby de boer de kans en romte krijt om te buorkjen,
•    Gearwurking tusken skoallen en bedriuwslibben.

Foar dizze saken ut it FNP ferkiezingsprogram wol ik my graach de kommende fjouwer jier ynsette

Haaye Hoekstra



Skaadfraksjelid Bram Bonnema

 

Bram Bonnema  

 Bram Bonnema

 FRJENTSJER

 

 E-post:bram.bonnema@fnp.frl

 Tillefoan: 0610 854 426



Alle kandidaten ferkiezings 2017
Foar de ferkiezings fan 2017 hienen wy 50 minsken fûn dy't harren beskikber stelden foar de Fryske Nasjonale Partij (FNP), ôfdieling Waadhoeke. Wy binne grutsk op en tankber foar harren ynset!

2019 FNP Fryslân - Disclaimer