NIJS   08-10-2017


De gemeente Waadhoeke hat in kultuernota nedich

Trije FNP Waadhoekers wiene sneon 7 oktober by in stúdzjegearkomste mingfariëteiten yn de Aerden Plaats yn Ouwesyl, organisearre troch de Fryske Akademy. Mei om't taal en kultuer in wichtich ûnderdiel is fan it FNP ferkiezingsprogram en yn it belibben fan de FNP'ers.

De ôfwizing fan it Biltsk as erkende taal, wie yndirekt de oanlieding ta dit barren, wat dochs in posityf resultaat is fan dy oanfraach. De Nederlands Taalunie hat it Biltsk as taal dan wol ôfwiisd, mar erkent dat mingtalen wichtich binne en oandacht fertsjinje. Tegearre mei de Provinsje Fryslân binne sy fan doel om belied te ûntwikkeljen foar de Frysk-Nederlânske mingtalen yn Fryslân. Dat past krekt yn it plaatsje sa as de FNP dat foar eagen hat. Wy sjogge perfoarst mooglikheden om mei de ynwenners neist it Frysk, it Bildtsk en it Franekers libjend te hâlden. We hearden moaie ûnderboude teoryen fan de Akademy, driuwende krêften dy´t profesjoneel stypje kinne, foarbylden út Drinthe, prachtige projekten fan entûsjaste minsken en hiene diskusje.

 

De stúdzjegearkomste biedt nije ideeën en ynsjoggen en makket de ferbining tusken taal en kultuer sichtber. Foar ús begjint dat mei in kultuernota om fyzje en rjochting te jaan oan it nije belied fan de gemeente Waadhoeke. Dêrneist kinne we oanslute by wat der bygelyks yn it Bildt al optúgd is.

 

By FNP Waadhoeke is 'it aigen' yn fertroude hannen, lit dat dúdlik wêze. Ha jo dochs soarch oer wat der bart mei ús rike taal en kultuer yn de gruttere gemeente? Nim dan foaral kontakt mei ús op. FNP ferbynt!

 

Jan Dijkstra, listlûker FNP Waadhoeke.

Stu 769;dzjegearkomste Mingfarie 776;teiten 1 Stu 769;dzjegearkomste Mingfarie 776;teiten 2
Stu 769;dzjegearkomste Mingfarie 776;teiten 3 Stu 769;dzjegearkomste Mingfarie 776;teiten 4
Stu 769;dzjegearkomste Mingfarie 776;teiten 7 Stu 769;dzjegearkomste Mingfarie 776;teiten 6

 




Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer