NIJS   07-01-2021


Ferwerda fuort - FNP ferbjustere

“Ferbjustere”, “bitter teloarsteld”, “ûnbegryplik”, “in dolkstjit yn de rêch”. Dit wienen de reaksjes fan de fraksje, wethâlder en bestjoer fan de FNP Waadhoeke op it beslút fan Leendert Ferwerda (77) om út de FNP-fraksje te stappen. Hy nimt syn sit mei en giet fierder by Gemeentebelangen. Dit is soer foar de FNP. 



"Ferbjustere”, “bitter teloarsteld”, “ûnbegryplik" (FNP Waadhoeke)

Ferwerda is ûnder de flagge fan en mei it FNP ferkiezingsprogram yn de gemeenterie keazen. Hy nimt syn sit mei. Wetlik sjoen kin dat, mar respekt foar de kiezer sprekt dêr net út. It hie Ferwerda kleur op de wangen jûn at hy syn sit neffens de rigels weromjûn hie oan de FNP.

 

Meiskreaun

Yn de oanrin nei de fúzje nei Gemeente Waadhoeke hat Leendert Ferwerda him mei syn partij "De Frije Bilkerts" yn 2017 oansletten by de FNP.

Hy hat meiskreaun oan it ferkiezingsprogram, krige in prominint plak op de kieslist fan de FNP en siet oan de ûnderhannelingstafel by de koälysjepetearen mei it CDA en SAM. Yn it petear mei de fraksjefoarsitter en it bestjoer joech Ferwerda oan dat hy it ferkiezingsprogram fan de FNP en it koälysje-akkoard noch altyd ûnderskreaut. Polityk ynhâldlik sit Ferwerda mei de fraksje op ien lijn. Wêrom dan dochs dizze oerstap?

 

Leden beslúte

Ferwerda hat ôfrûne hjerst by de FNP oanjûn dat hy nei dizze perioade fierder woe as riedslid. Omdat by de FNP in listkommisje en úteinlik de leden beslute oer de folchoarder op de list, koe it bestjoer Ferwerda gjin tasizzing dwaan. At Gemeentebelangen dat wol dien hat is foar ús net dúdlik. Dat hy yn syn politieke karrière no syn gelok siket by syn fiifde partij seit mear oer de persoan Leendert Ferwerda as oer de FNP.

 

Belied makke en útfiering

Is de FNP Waadhoeke hjir no troch skeind? Getalsmjittich wol, mar ynhâldlik net. De FNP is fol oertsjûging yn de koälysje mei it CDA en SAM stapt. En wy binne der grutsk op wat dizze koälysje yn trije jier út de wei setten hat. Fanút it program fan de FNP is der op ferskate terreinen belied makke en yn útfiering brocht. Wy neame hjir de regeling foar de doarpshuzen, it kultuer- en taalbeliedsplan, it grienbehear mei mear bioferskaat, it duorsumensbelied, it toerisme, de húsfesting foar migranten en it wenningboubelied.

 

Bildts Aigene

De FNP sil mei in lytsere, mar gedreven fraksje har ynsetten bliuwe foar de ynwenners fan gemeente Waadhoeke. En wis ek foar de Bildtse taal en kultuer en it Bildts Aigene. Dêrfoar litte wy ús net liede troch ien persoan, mar dat dogge wy omdat wy de rykdom fan ús Fryske taal- en kultuer hoedzje en noedzje wolle.

 

As wurktitel fan ús ferkiezingsprgram foar 2022 falt te tinken oan "Groeie en Bloeie" - fierder bouwe op wat wy yn dizze perioade berikt hawwe. Wa't dêr in bydrage oan leverje wol is fan herte wolkom by de FNP Waadhoeke.

  



Tags: polityk bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer