NIJS   25-10-2020


Skriftlike fragen oer sakjende âld papierpriis

De ôfrûne wiken stiene ferskate berjochten yn de media oer de sakjende âld papierpriis en dat dit in protte ferieningen opbrekt of ôfbrekke sil.

Ald papier ophljen yn Tsjom 1
Ald papier opheljen yn Tsjom 2

 

Foto's fan âld papier opheljen yn Tsjom
 
De FNP, SAM en CDA (koälysje Waadhoeke) meitsje har soargen oer dizze ûntwikkelingen oangeande it opheljen fan it âld papier. It is in tradysje, o sa wichtich foar de sosjale koheezje en in moaie wize fan it barren fan ekstra ynkomsten foar klups, skoallen, wyk- en doarpsferieningen. En de gearwurking hat effekt op it miljeu om 't de ôffalstream fan papier diel útmakket fan in sirkulêr systeem.

 

Yn Waadhoeke hantearje wy ferskate regelingen om ‘t de sûnt de fúzje noch net belied op makke is. Sa is der foar de ferieningen yn it de eardere gemeente Frjentsjerteradiel in garânsjepriis - wêrmei de priisskommelingen, dy't troch fraach en oanbod ûntstean - opfongen wurde kinne foar de dielnimmers. Yn Menaam en it Bildt is it neffens ús ynformaasje krekt wer oars regele.   

 

 

Fan it kolleezje hawwe wy noch neat heard.

Dêrom hawwe fy de folgjende fragen:

 

1.     Dielt it kolleezje ús soargen oer de sakjende âld papierpriis?

 

2.     Wurdt de efter de skermen al neitocht oer nij belied, sjoen de opbringsten foar de dielnimmers driigje de sakjen en dizze net mear bestindige wurde kinne foar de leefberens yn de wiken en doarpen?

 

3.     Sa ja,

A: Is it kolleezje dan ree om de dielnimmers by it belied te belûken (nei-oan-bestjoeren)?

B: Hjiroer mei de ried in kernteam oer te organisearjen, sadat wy ynformearre wurde en ek harkje kinne nei de dielnimmers en ús dernei as ried hjir oer útsprekke kinne?

 

4.     Sa nee, hoelang kin it kolleezje de dielnimmers dan perspektyf biede dat sy net ek dizze ynkomsten (mei yn koroanatiid) net mear barre kinne?

 

We hawwe frege foar beantwurding yn de riedsgearkomste fan 5 novimber en oars krije we skriftlik antwurd binne de stelde temyn fan 30 dagen.

 

Neikommen:

3 novimber wie Gea Iedema op Radio Eenhoorn. Klik op de bylage ûnderoan dit berjocht om dat werom te harkjen.

5 novimber hat wethâlder Dijkstra de fragen yn de riedsgearkomste beantwurde. Jo kinne dat hjir weromharkje .

 

 



Downloads:
Skriftlike fragen ald papier 24 10 2020def.pdf
Gea iedema op radio eenhoorn oer a770ld papier.m4a


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer