NIJS   11-10-2020


It MFC fan Berltsum, de pronk fan ‘t Westergea.

Tongersdei 8 oktober 2020 wie de lêste kear foar SBB Berltsum om yn te sprekken yn de riedsgearkomste foar MFC Berltsum, foar wat in finansjele bydrage oanbelanget.

Op 17 maaie 2018 is der yn Gemeente Waadhoeke al in ‘tariedend kredyt' ferstrekt. De FNP hie doe al oanjûn "Hartstikkene bliid te wêzen foar it doarp Berltsum en dat der no eins skot yn de saak komt" (wurdfierder doe Sijbe Knol).

 

No ja, skot... yntusken is it oktober 2020 en is Gea Iedema portefúljehâlder en wurdfierder. It giet dy jûn om in ekstra kredyt, in kompensaasje foar de sterk stige boukosten (mei 15 prosint).

 

De FNP hat yn maaie 2018 ynstimd mei it foarstel foar in foarskot op de ta kinde subsydzje en dêrmei ek mei it ynsette belied fan Menaam. Iedema: "Dat it MFC Berltsum no mear nedich hat, is ús net frjemd. Ek oare MFC's hawwe foar de stige boukosten al ekstra jild krigen fan de rie." 

Foar de FNP wie it dus al gau helder dat we ek hjir yn mei gean sille.

 

Ferfolch pleit:

"Wy binne as riedsleden de ôfrûne twa wiken bestookt mei krityske lûden út it doarp. Dêr hawwe we as folksfertsjinwurdigers nei sjoen, sa as ek fans ús ferwachte wurd. Ferskate fraksje hawwe dernei fragen stelt en mei inoar hawwe wy se moandeitejûn foarlein oan de wurkgroep en de antwurden ta ús naam. Mei op de saakkundigens fan amtners en dat dit riedsfoarstel der leit, fan ús kolleezje, moatte wy fertrouwe op harren ynsjoch en yntegerens. Dus komt it stikje takomst, ferbining en moetsjen yn Berltsum tichteby. It hert fan Berltsum ûnder ien dak, in stedshûs foar ús doarp [earder wurden fan Erik Jansen, foarsitter SBB Berltsum en stjoergroep MFC Berltsum.

 

Troch de lûden út it doarp binne wy fierder op ûndersyk gien wat de namme fan it doarp Berltsum betsjut. Dy is ôflaad fan Berlingahiem en ûntstien út 2 terpen. En wy fûnen ek op in bondel mei 86 koarte stikjes, mei de titel: "OH, DY BERLTSUMERS ".  Skreaun en sammele troch Watse Hendriks Posthumus. (2010 ). It earste stikje giet oer it BERLTSUMER LIET wêrfan de FNP hopet dat sy dit mei it hiele doarp sjonge sille by de iepening:

 

Foar folle ieuwen groune oan de útgong fan de see.

Troch kriich noch tiid tobritsen stiet op syn âlde sté.

De tolfde stêd fan Fryslân de pronk fan 't Westergea

Al is de see bitwongen en it rjocht fan stêd net bleaun.

Nou stiet yn tún en fjilden in nije gloarje skreaun.

De grientetún fan Fryslân, de pronk fan Westergea.

Út wyn en weagen bêrne, nea tobûke, nea forslein.

Hâld Berltsum troch de tiiden syn âlde steat oerein.

En dan ynstee fan De tolfde stêd fan Fryslân de pronk fan 't Westergea

It MFC fan Berltsum, de pronk fan ‘t Westergea.

 

De FNP winsket de wurkgroep in protte sukses mei de realisaasje en komt graach nei de iepening yn 2021."

 

Nei ôfrin fan de riedsgearkomste waard de rie traktearre op in applaus fan Berltsumeres en tagelyk spile Muzykferiening 'Opmaat' Berltsum it Frysk folksliet. En hearden wy, neidat de sleutel fan in stedhûs oerlange wie, dat it 'Berltsumer Liet' yndied by de iepening spile, dan wol songen wurden sil.

 

 

Sleutel foar MFC It Stedhu 770;s Berltsum

 


 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer