NIJS   26-09-2020


Ferkenning Nijbou Sosjale Tsjinst op 'e nij

Op twa july lyk foar it simmerreses kaam it memo binnen fan it kolleezje oangeande finansjele ferkenning fan eventuele nijbou foar de sosjale tsjinst bij it gemeentehûs.


Bert Vollema oer Nijbou Tsjinst

 

Yn it memo stiet dat bij de ferkenning gjin rekken hâlden is mei eventuele koroana-effekten... de reden foar de FNP op dizze 'memo' op de wurklist te setten fan de rie en dit meiïnoar te bepraten.

 

Want we binne ûndertusken trije moanne fierder en de koroanakrisis is der noch hieltyd. En wat no hiel dúdlik oan it útkristallisearjen is, is dat it thúswurkjen in bliuwerke is. Ek hat de koroanakrisis bot ynfloed op de tsjinstferliening… de digitalisearring is op it mêd fan de tsjinstferliening ék yn in streamfersnelling kommen. Yn it manifest ‘Dichterbij door Digitalisering’ fan de VNG stiet hiel goed beskreaun wat we ferwachtsje kinne yn it ‘postkoroanatiidrek’. Yn it koart stiet der dat der folle mear tsjinsten digitaal ferliend wurde sille en dat thúswurkjen in nij normaal wurde sil.

 

Op dit stuit ‘downsize’ grutte bedriuwen lykas fersekerders harren haadkantoaren omdat meiwurkers ek op de lange termyn mear thúswurkje sille. We kinne it yn de krant ek al lêze dat der op de fêstgoedmerke foar kantoaren in 'malaise' ûntstean is.

 

Mei oare wurden: ús partij is fan miening dat… hoe skande it ek is... de ferkenning dy’t dien is ynhelle is troch de tiid. En dat it húswurk opnij dien wurde moat. Dêrom hawwe wy frege dit item op de aginda te setten. Wij tinke dat nijbou yn folle lytsere foarm kin en wa wit is nijbou hielendal net mear nedich.

 

Yn de riedsgearkomste fan 24 septimber hat de boargemaster (portefúljehâlder) tasein dat it húswurk op 'e nij dien wurde sil en dat se oer de húsfesting mei de Tsjinst en de oansluten gemeenten yn petear sil.

 

Op sneon 26 septimber wie Bert Vollema oer dit ûnderwerp te hearren yn Wykein Aktueel op Radio Eenhoorn.

 

Harkje nei de útstjoering (sjoch by downloads hjirûnder).

 

 



Downloads:
Bertvollemaopradioeenhoorn.mp3


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer