NIJS   02-09-2020


FNP Waadhoeke steld fragen oer Selsbewenningsplicht

De fraksje fan FNP Waadhoeke hat de folgjende fragen stelt oan it kolleezje:

 

Selsbewenningsplicht FNP Waadhoeke

 

 

1.     Is it kolleezje it mei de FNP iens dat Selsbewennigsplicht in goed ynstrumint is om de wenningmerk te beskermjen?

2.     Spilet dit ek yn Waadhoeke as it giet om nijbou mar ek by besteande bou?

3.     Is dat ûndersocht?

4.     Sa ja, wat binne dan de konklúzjes?

 

Taljochting:

Hyltiid mear gemeenten yn Nederlân stelle belied fêst foar selsbewenningsplicht. Hjirmei wurde keapers fan wenningen ferplicht om sels yn it nije kochte hús wenjen te gean. Arguminten binne mear kânsen foar starten kreêarje, sterke stiging hierprizen tsjingean, leefberens befoarderje. Guon gemeenten passe it ta yn bepaalde wiken of op segminten.

 

It is net allinnich in "Ranestêd probleem. Opfallend is dat ek lytsere gemeenten lykas Nieuwkoop, Bergeijk en Bernheze de selsbewenningsplicht ynfiere.

"Wethouder Peter van Boekel (CDA) van Bernheze sei dêr oer: 'We merken dat steeds vaker grond wordt gekocht als belegging. Steeds meer geïnteresseerden, waaronder beleggers, schrijven zich in op meerdere kavels. De kans bestaat hierdoor dat niet iedereen even veel kans heeft om ingeloot te worden. De gedachte achter de zelfbewoningsplicht is dat speculanten er niet met de kavels van daadwerkelijk geïnteresseerden vandoor gaan.' "

Boarne: Binnenlandsbestuur.nl 12 augustus

 

Koartlyn hat de gemeente Ljouwert har útsprutsen foar it ynfieren fan de Selsbewennigsplicht, net allinnich foar nijbou mar ek foar besteande wenten. Der is in wetswiziging nedich om ek foar besteande wenten de selsbewenningsplicht yn te fieren. "Daar wordt op dit moment naar gekeken door de minister (Kasja Ollongrens fan BZ)", neffens wethâlder De Haan Gemeente Ljouwert. (Boarne: Omrop Fryslân, 10 augustus 2020).

 

Derneist binne ek skriftlike fragen stelt troch FNP-riedsleden yn gemeente Súdwest-Fryslân.

 

Wat de FNP oanbelanget soe it kolleezje fan Waadhoeke de útkomsten yn de oare gemeenten folgje kinne sa ek it foarbyld fan Gemeente Ljouwert. En fansels ek dy fan it ministery.

 

Foto: Pixabay



Tags: wenje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer