NIJS   04-07-2020


FNP wol briedplak foar jonge ûndernimmers

Gemeente Waadhoeke hat yn de Kadernota 2021-2025 in bedrach fan 2 miljoen euro reservearre foar in ûntwikkelfûns. Dat fynt de FNP in goede saak en wol dêrom in briedplak foar talintfolle, jonge ûndernimmers.

Fryslân fergrizet yn rap tempo en jonge minsken sykje nei harren oplieding it wurk faak buten ús provinsje. De FNP wol dat proses omkeare en ús jongerein hjir in takomst biede.

 

Neffens in analyse fan Kees Stob, direkteur fan Public Result, moat Waadhoeke ynsette op fjouwer tema's: talint oanlûke en fêsthâlde; innovaasje; it festigingsklimaat fersterkje; tûker gearwurkje ek mei oare regio's. It giet hjir om ûndernimmerssin - ien fan de wearden dy't de FNP heech yn it findel hat.

 

De FNP wol dat it kolleezje oer in heal jier mei konkrete plannen komt om yn 2021 in start te meitsjen om in briedplak foar ‘start-ups' yn te rjochtsjen. Dizze jonge ûndernimmers moatte mei in startkapitaal stipe wurde, sadat harren ideeën oer innovaasje foarm krije kinne. Glêstúnbou en IT, toerisme en de Agri-sektor binne foarbylden om it duorsum ûndernimmen fierder te ûnwikkeljen. Oerheid, ûndernimmers, ûnderwiis en de ferskillende brânsjes sille de ferbining sykje moatte om dizze plannen hannen en fuotten te jaan.

 

De kost giet foar de baat. Wurkgelegenheid is foar alle sektoaren yn Waadhoeke (wenningbou, ferienigingslibben, kultuer ensfh.) fan krusiaal belang. Krekt yn dizze tiid fan korono moatte wy net op de rem traapje, mar gas jaan om ek yn de takomst in leefbere gemeente Waadhoeke te bliuwen.

 

 

Briedplak u 770;ndernimmers

 

Ofbylding: StartupStockPhotos van Pixabay

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer