NIJS   18-03-2020


FNP Waadhoeke - In tagonklik iepenbier ferfier foar elkenien!

“Skoallen, en it amtlik haadplak Frjentsjer, moatte goed berikber wêze mei it Iepenbier ferfier”. Dat stiet yn it FNP ferkiezingsprogram 2018-2022

 

Yn it koalysje-akkoart 2018-2022 hawwe wy mei de oare partners opskreaun: “Ynsette op behâld en dêr’t dat mooglik is ferbreding fan alle oare iepenbier ferfiersfoarsjennings, lykas de bus.” 

 

 

Leefberens

 

 

By de FNP stiet leefberens op nûmer ien. Neist solidariteit (nimmen komt oan de kant te stean) binne wy ek fan ’t ferbinen tusken minsken. Dielnimme kinne oan de mienskip. En dêrby hearre ek goeie ferbiningen fan it iepenbier ferfier. Want oars komme je net dêr wêr’t je wêze wolle.

Sa hat de FNP earder op de barrikaden stien om der foar te soargjen dat de treinferbining Ljouwert-Harns twa kear yn it oere de stasjons oan docht. En foaral net minder faak!

 

Oer de busferbining (line 71) makke(t) ek FNP Waadhoeke har grutte soargen. Want it mooglik ferdwinen fan it busferfier troch de doarpen is net goed foar de leefberens. We hawwe dêr in protte oandacht oan jûn, sawol binnen de partij as troch fragen (bliuwend) te stellen oan it kolleezje.  

 

Wy binne dan ek it kolleezje fan Waadhoeke tankber dat sy út namme fan de rie by de provinsje pleite hawwe om dizze busferbining yn stân te hâlden. En as fansels stean wy ek efter de petysje fan doarpsbelangen Marsum, Ingelum, Bitgummole, Bitgum, Berltsum en Wier dy’t juster oanbean is oan deputearre Fokkens. De petysje is 3.249 kear ûndertekene.

 

FNP Waadhoeke Tagonklik iepenbier ferfier foar elkenien

 Op de foto de fertsjintwurdigers fan de doarpsbelangen by busline 71 yn Marsum  - Foto: Hieke Joostema-Greidanus (lid FNP)

 

 

FNP provinsjaal


De FNP steatefraksje hat in moasje yntsjinne. Sy fersykje it kolleezje fan Deputearre Steaten

• Ut te rekkenjen wat it ferskil yn kosten wêze sil tusken de hjoeddeiske útgongspunten en de situaasje dat (neffens eask 3.1.1) yn de takomst de bus allinne oan de râne fan it doarp stoppet; en

• Provinsjale Steaten (PS) dat oersjoch ta beslútfoarming foar te lizzen.

 

Sjoch foar de hiele moasje de bijlage hjirûnder.

 

Sjoch ek it artikel fan de Leeuwarder Courant oer de moasje. 

 

 



Downloads:
20200422 FNP moasje frjemd buskonsesje.pdf


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer