NIJS   26-09-2017


FNP Ferbynt!

Beste ynwenners fan Waadhoeke,

 

De FNP makket fan de nije gemeente Waadhoeke in krêftige, moaie en duorsume gemeente. Yn ús ferkiezingsprogram (hjirûnder del te heljen) is te lêzen hoe’t wy in gemeente bouwe wolle dêr’t it goed wenjen en wurkjen is. Dêr’t de toerist en wysels bysûndere saken op it mêd fan  kultuer en natuer belibje kinne.

 

It sintrale tema fan ús ferkiezingsprogramma is: FNP ferbynt, dat moat foaropstean yn de nije gearstalling. Dêrom bestiet ús list út belutsen doarps- en stedsminsken rûnom wei. Omdat ‘t Bildts aigene en de Stadse taal en kultuer bij de FNP in goeie hannen is, doen de Bildtkers en Franekers folop met. By it foarmjaan fan dizze nije gemeente hawwe wy jo nedich. Alles sil net by it âlde bliuwe, mar by dy feroaringen wolle wy jo kennis en kunde graach brûke.

 

Yn ús ferkiezingsprogram sykje jimme fergees om konkrete winsken dy’t fansels oeral libje. No noch gjin hurde tasizzings. FNP eigen: wy geane graach earst mei jo yn petear, mei doarpsbelangen, wykbestjoeren, mei ûndernimmers, mei boeren en mei ferienings.

 

De FNP stekt har enerzjy yn de ferbining tusken it gemeentebestjoer en de ynwenners. Stekt enerzjy yn in folweardich sport- en kultuerklimaat om de ferbinende funksje dêrfan. Yn ferbining tusken skoallen foar goed en berikber ûnderwiis. Ferbining tusken it bedriuwslibben en ûnderwiis foar nije wurkgelegenheid. Wurket mei korporaasjes oan in wenningbouprogramma op maat en stekt enerzjy yn in goed sosjaal belied.

 

Koartsein: wy sykje ferbining mei en yn de mienskip. Foar in sterke Waadhoeke. Wolle jo dat ek: stim dan FNP!



Downloads:
Ferkiezingsprogram FNP waadhoeke 2018 2022 frysk1.pdf


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer