NIJS   30-10-2017


FNP optein oer mooglikheid selsfoarsjenning enerzjy yn 2050

As listlûker fan FNP Waadhoeke bin ik ôfrûne freed en sneon nei de ynternasjonale enerzjy konferinsje yn Ljouwert west. In tige nijsgjirrich barren mei lju dy’t ferstân fan saken ha. Doel is om in alternatyf te finen foar wynmûnen op it lân. Yn ús ferkiezingsprogram ha we útsprutsen yn 2040 enerzjyneutraal wêze te wollen. Ik bin der fan oertsjûge dat we dy kant op moatte en dat it helber is. Ha nije ideeën opdien, dy’t ik graach mei de ynwenners fan Waadhoeke útwurkje wolle soe.

Jan Dijkstra

Hjirûnder folget it ferslach fan FNP Fryslân.


 

Enerzjykonferinsje SEC2017 Seal

 

De FNP is tige tefreden oer de útkomsten fan de ynternasjonale enerzjykonferinsje dy't dit wykein yn Ljouwert holden is. De konferinsje, yn gearwurking mei de EFA en de OSF, wie hielendal folboekt en hie as ien fan de útkomsten dat Fryslân neffens ûndersyk fan de TU Twente om 2050 selsfoarsjennend wêze kin mei duorsume enerzjy. De Sustainable Snergy Conference (SEC 2017) wie op 27 en 28 oktober. 

 

Ut de presintaasjes kaam dat der yn Fryslân noch grutte mooglikheden binne foar duorsume enerzjy. Dêrby moat benammen tocht wurde oan geotermy, sinne-enerzjy en wynmûnen op see. Geotermy is hiel nijsgjirrich omdat hjir op grutte djipte de heechste temperatueren te finen binne fan hiel Nederlân en dat binnen 5 oant 10 jier weromfertsjinne wurde kin. Foar sinne-enerzjy kin in grut part fan de dakken fan pleatsen en huzen brûkt wurde.

 

Uteinlik kin mei de ferskate boarnen yn 2050 sa'n 58PJ oan enerzjy opwekt wurde wat  gelyk stiet oan it ferwachte Frysk ferbrûk.  Ekstra wynmûnen op lân binne net nedich en dat is wichtich foar de FNP omdat de partij gjin yndustrialisaasje fan it lânskip wol. Wichtich is dat Fryslân no mei in ienriedich plan komt en sels it foech op de útfiering kriget. 

 

Der wienen ûnder oare dielnimmers út Skotlân, Flaanderen, Valencia, Wales, Londen, Beieren,  Lausitz (Dútslân), Galisië en Noarwegen oanwêzich.

 

De Europarlemintspartij EFA is fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint mei 12 sitten. De FNP is mei sa'n 40 oare partijen út Europa lid fan de EFA en sit al mear as 30 jier yn it bestjoer.

 

Klik hjir nei de webside fan SEC2017.EU  

 

  



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer