NIJS   13-09-2017


Frjentsjerteradiel: Tenei feilich nei de dokter!

It sûnenssintrum De Hertog is al langere tiid klear en yn gebrûk. Der komme in soad minsken út Frjentsjer en omjouwing, dy't harren auto parkere moatte oan de oare kant fan de strjitte. Fanôf it parkeerterrein moat men it fytspaad èn de Hertog van Saxenlaan oerstekke om by De Hertog te kommen.

In gefaarlike situaasje fynt de FNP. Seker foar minsken dy't net sa maklik rinne kinne en/of efter in rollator rinne. Nei oanlieding fan dizze ûnfeilige situaasje hat ús riedslid Hans Nauta foarstelt om dêr in sebrapaad te meitsjen. It hat efkes duorre, mar de sebrapaad komt der no dochs! 

 

In moaie opstekker foar ús ynwenners; se kinne tenei feilich de dyk oer!

 

Hetog van Saxenlaan 2

 

FNP Docht it foar jo!




Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer