NIJS   24-09-2017


"It komt wol goed mei de nije gemeente Waadhoeke"

Lykas alle jierren wie ek dit jier de FNP wer manmachtich fertsjinwurdige op de Agraryske Dagen. Ek dizze kear wer in peiling ûnder de besikers fan de merke. De fraach wie: hoe tinke jo dat ik komt mei de nije gemeente Waadhoeke?

Min koe kieze út de antwurden: "it komt goed", "it wurdt super" of "ik moat it noch sjen" troch in bal yn in koker te dwaan. De útslach wie respektyflik 163, 48 en 97 stimmen.

De FNP Waadhoeke wol eltsenien betankje foar harren ynbring en de moaie petearen! Ien wolle wy hjir efkes útljochtsje. In jonkje fan 10 jier, stie in skoft nei te tinken wilest syn mem al in antwurd jûn hie... en sei ynienen: it sil earst wol efkes dreech wêze mar dernei komt it wol goed!

 

Wat in wiisheid foar sa'n jongfeint! Fansels sjogge wy sokken aanst grif werom yn in Jongerenparlemint fan de Waadhoeke, in spearpunt fan de FNP!

 

Jan Dijkstra AD Haaye Hoekstra AD
Gea Iedema AD Sijbe Knol AD
Hans Nauta AD Stand AD
 Bert Vollema AD Jan Dijkstra AD 2

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer