31-05-2018 - Reaksje op profylskets boargemaster
Tongersdei 31 maaie 2018 is de profylskets foar de nije boargemaster oerlange oan de Kommissaris fan de Kening.

16-05-2018 - Earste inisjatyfútstel yn Waadhoeke: in berneboargemaster!
It earste inisjatyfútstel yn gemeente Waadhoeke komt fan de FNP. En dan mei nammen fan riedslid Gea Iedema dy't Jeugd yn portefúlje hat. Yntusken hat sy nammens de FNP-fraksje de oare politike partijen freegje wa it útstel mei yntsjinje wol op de riedsgearkomste fan 31 maaie 2018.

11-05-2018 - Webside FNP Waadhoeke no ek yn it Franekers!
Op 'e webside fan FNP-Waadhoeke kin je terjochte foar teksten yn 't Frysk, 't Biltsk en it Nederlânsk. Grutsk kin de FNP no meidiele dat der yn gearwurking mei de "Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers", ek it Franekers by kommen is.

03-01-2018 - Nije grinzen, nije kânsen
Op 2 jannewaris 2018 binne de riedsleden fan FNP Waadhoeke ynstallearre. Hjir de bydrage fan Jan Dijkstra op dizze histoaryske jûn, doe noch yn syn rol as frakjsefoarsitter. Oan it ein fan de jûn is hy ynstalleard as wethâlder.

03-11-2017 - FNP Waadhoeke mei de steatefraksje op reis
De riedsleden fan de no noch Frije Bilkerts en FNP-ôfdielingen hawwe mei de steatefraksje fan de FNP woansdei 1 novimber l.l. mei in Amerikaanske skoalbus in reis troch de doarpen yn aanst de nije gemeente Waadhoeke makke.

01-11-2017 - FNP waarboarget Biltske taal en kultuer
De FNP wol soargje mei in taal- en kultuer-nota foar de nije gemeente Waadhoeke dat de Biltske taal en kultuer, it “Bildts Aigene”, waarboarget wurdt. Dat is aktueel no de gemeente It Bilt opgean sil yn in nije gemeente. Om sjen te litten dat de FNP it Biltsk serieus nimt, binne de FNP-riedsleden, fan Frjentsjerteradiel en Menameradiel, de ôfrûne winter op Biltske les west. Dat hat fertuten dien, sy prate al aardich Biltsk.

30-10-2017 - FNP optein oer mooglikheid selsfoarsjenning enerzjy yn 2050
As listlûker fan FNP Waadhoeke bin ik ôfrûne freed en sneon nei de ynternasjonale enerzjy konferinsje yn Ljouwert west. In tige nijsgjirrich barren mei lju dy’t ferstân fan saken ha. Doel is om in alternatyf te finen foar wynmûnen op it lân. Yn ús ferkiezingsprogram ha we útsprutsen yn 2040 enerzjyneutraal wêze te wollen. Ik bin der fan oertsjûge dat we dy kant op moatte en dat it helber is. Ha nije ideeën opdien, dy’t ik graach mei de ynwenners fan Waadhoeke útwurkje wolle soe.

Jan Dijkstra

Hjirûnder folget it ferslach fan FNP Fryslân.

24-10-2017 - Tiny House evenemint yn Berltsum goed besocht!
Op sneon 21 oktober l.l. wie der in evenemint oer Tiny Houses yn Berltsum. It evenemint kaam fuort út in inisjatyfútstel fan FNP Menameradiel op 20 april earder it jaar. It útstel bestie út trije parten.

08-10-2017 - De gemeente Waadhoeke hat in kultuernota nedich
Trije FNP Waadhoekers wiene sneon 7 oktober by in stúdzjegearkomste mingfariëteiten yn de Aerden Plaats yn Ouwesyl, organisearre troch de Fryske Akademy. Mei om't taal en kultuer in wichtich ûnderdiel is fan it FNP ferkiezingsprogram en yn it belibben fan de FNP'ers.

29-09-2017 - FNP Waadhoeke bringt ferkiezingsprogram yn trije talen út.
It ferkiezingsprogram fan FNP Waadhoeke wurdt yn it Frysk, Biltsk en Nederlânsk útbrocht mei elk in eigen foarkant dy't stiet foar de taal en omjouwing.

26-09-2017 - FNP Ferbynt!

24-09-2017 - "It komt wol goed mei de nije gemeente Waadhoeke"
Lykas alle jierren wie ek dit jier de FNP wer manmachtich fertsjinwurdige op de Agraryske Dagen. Ek dizze kear wer in peiling ûnder de besikers fan de merke. De fraach wie: hoe tinke jo dat ik komt mei de nije gemeente Waadhoeke?

13-09-2017 - Frjentsjerteradiel: Tenei feilich nei de dokter!
It sûnenssintrum De Hertog is al langere tiid klear en yn gebrûk. Der komme in soad minsken út Frjentsjer en omjouwing, dy't harren auto parkere moatte oan de oare kant fan de strjitte. Fanôf it parkeerterrein moat men it fytspaad èn de Hertog van Saxenlaan oerstekke om by De Hertog te kommen.

04-09-2017 - 50 kandidaten foar FNP Waadhoeke!
FNP Ferbynt en dêrom hat de FNP Waadhoeke 50 kandidaten út sa folle mooglik doarpen op de list. De kandidaten binne fan alle leeftiden en mar leafst 11 dêrfan binne ree om polityk aktyf te bliuwen/wurden!

29-06-2017 - FNP Ferbynt!
Yn de gearkomste op 28 juny hawwe de FNP Waadhoeke leden program en list fêststeld foar de gemeenteriedsferkiezings yn novimber. It oerkoepeljende tema is “FNP Ferbynt”; hja wol de boargers en amtners út de ferskate gemeenten ferbine en foaral ek mei de ynwenners fan Noardwest Fryslân oan in mienskiplike takomst wurkje.

Argyf
2019 FNP Fryslân - Disclaimer