NIJS   23-06-2020


Fryslân: FNP: bettere beskerming greidefûgelpykjes en reekealtsjes troch de ynset fan drones

De FNP komt dizze wike mei in moasje om mear drones yn te setten foar de beskerming fan de greidefûgels yn Fryslân. Ut in proef troch fûgelwachters fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten docht bliken dat it gebrûk fan drones hiel effektyf is om nêsten fan greidefûgels te finen. Dêrmei kinne de pykjes better beskerme wurde. Boeren kinne sa ommers by it meanen of bewurkjen rekken hâlde mei de bisten op harren lân. Drones kinne ek ynset wurde foar it natuerbehear en tafersjoch yn oare gebieten yn Fryslân.

"Ut de loft wei sjochst se folle earder" (Wopke Veenstra oer greidefûgelpykjes)

Ut allegearre ûndersiken docht bliken dat it net goed giet mei de greidefûgels. Yn de ramtnota, dy't dizze wike behannele wurdt, sille it nije belied en it finansjele ramt foar it kommende jier fêststeld wurde. Der giet elk jier sa'n 9 miljoen euro om yn it greidefûgelbehear en dat jild moat op in effektive en doelmjittige útjûn wurde. De FNP is fan betinken dat mei de ynset fan drones en droneteams op ien dei folle mear dien wurde kin as oars mooglik wêze soe.

 

Wopke Veenstra: ‘Ut de loft wei kinst folle mear sjen. En dêrmei fynst de nêsten mei de pykjes fan greidefûgels, hazzelegers en reekealtsjes ek folle earder. Asto witst wêr't se sitte, silst der net by fersin oer hinne meane.'

 

Mei in moasje freget de FNP oan it kolleezje fan Deputearre Steaten om mei in útstel te kommen oer hoe't mei drones de behearsmonitoring troch it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en it tafersjoch fan de FUMO op de beskerming fan greidefûgels en oare natueropjeften ferbettere wurde kin.



Tags: lanbou, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer