NIJS   29-01-2020


Fryslân: Fryslân yn aksje tsjin leechfleanrûte JSF (F35)

Leechfleanrûte sil wer iepen. It Ryk is fan doel om it leechfleanen mei straaljagers op in hichte fan 75 meter wer mooglik te meitsjen boppe Fryslân. Definsje wol de âlde leechfleanrûte fan noard nei súd oer de provinsje wer yn gebrûk nimme. Yn 2002 is de rûte bûten gebrûk stelt troch de steatssekretaris fanwege de lûdsoerlêst en de gefaarlike situaasje. Dit barde neidat bewenners doe protestearre hawwe tsjin de straaljagers.

"dit mei net trochgean" (Sijbe Knol oer leechfleanrûtes)

Oerlêst foar tal fan gemeenten

Mei de nije JSF (F35) wurdt dy oerlêst allinne mar slimmer, omdat it nije tastel in stik mear leven makket as de F16. Bewenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Smellingerlân, Opsterlân, Eaststellingwerf, It Hearrenfean, Weststellingwerf en tal van gemeenten yn Drinte en Oerisel sille der slim lûdsoerlêst fan hawwe. Boppedat raze de fleantugen ek oer Natura2000 en stiltegebieten, en fersteure dêrmei de natuer.

  

Petysje
De FNP hat hjoed in petysje tsjin it leechfleanen opset dy't hjir werom te finen is. Mei de petysje rjochte oan de regearing yn De Haach, wol de FNP partij-en-provinsje-oerstiigjend in fûst meitsje tsjin dit plan fan Definsje en derfoar soargje dat it net trochgean sil.

 

Yn de earstkommende gearkomste fan Provinsjale Steaten komt de FNP mei in moasje oer dit ûnderwerp. Ek yn tal fan gemeenten wurde aksjes taret.

 

Knol: ‘Wy moatte in soad druk útoefenje, en mei-inoar sjen litte dat wy de boel keare kinne. Dit mei net trochgean!'

 

Link nei de petysje: https://bit.ly/2U4wxJ1

 



Tags: wenje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer