NIJS   13-03-2019


Fryslân: Us ynset foar de Fryske greidefûgels

It giet net goed mei de greidefûgels yn Fryslân. Sa stadichoan is dat foar in protte ynwenners fan Fryslân in grutte soarch. Dochs geane der in tal saken goed. Sûnt koart. At it oan de FNP leit oerlibje op dizze wize mear skriezen, ljippen, strânljippen en wylpen.

"Bestriding fan predatoaren, kieze foar natuerinklusyf buorkjen" (De FNP-oanpak foar mear greidefûgels)

Sûnt FNP'er Johannes Kramer yn 2011 yn Fryslân deputearre waard is der mear jild en mear omtinken nei de greidefûgels gien. En der is de kommende jierren noch in protte te dwaan.

 

1. Betrouwen yn natuerinklusyf buorkjen

Fryske suvelboeren as natuerûndernimmers

Wol of gjin greppel yn de greide makket it ferskil oft in skries syn piken wol of net grut bringe  kin. Krekt as it op in lettere datum fan it meanen fan it gêrs. Of de sleatswâl even litte sa as it is. It brûken fan drûge dong, ynstee fan it ynjektearjen fan wiete dong (jarje). Allegear maatregels dy't gelokkich hieltyd mear ‘gewoan goed' wurden binne.' Dat is natuerinklusyf buorkjen: Fryske boeren dy't yn harren bedriuwsfiering rekkening hâlde mei de natuer. Mei tank oan Europeesk jild en heldere keuzes troch it provinsjebestjoer wurdt de Fryske lânbou mear en mear tasnijd op oare foarmen fan natuer. Dit kin net sûnder help fan de lâneigners; wy jouwe se dêrom it fertrouwen en ús ambysjes bliuwe fan wjerskanten rjocht oerein.

 

2. Grut applaus foar ‘Kening fan ‘e Greide'

Kieze foar in nije omgongsfoarm mei it lânskip

It  begong as in djip fielde winsk: it greidelânskip as in paradys foar ynsekten, kij, planten en minsken. It waard mei Kulturele Haadstêd yn 2018 in tige wichtich programmaûnderdiel. It inisjatyf fan in tal Friezen waard in beweging mei foarstellings en keunst, dêr't kultuer ynset waard voor maatskiplike feroaring. Omtinken foar it tebekrinnend tal biste- en plantesoarten. Wy sjogge yn dit boargerinisjatyf stipe foar dat wat de FNP wol: it oars omgean mei ús omjouwing, it Fryske lânskip. Mear wurdearring foar de boer, mear ynvestearje yn de natuer.Lês ek de bloch fan Johannes Kramer oer 100% biologyske lânbou yn de takomst.

 

3. Pak de rôvers oan

Stienmurden, foksen en kraaien bejeie foar in goede balâns

Jagers binne der net op út om bisten ‘te fermoardzjen'; se binne essinsjeel foar in goede balâns yn de natuer. Dat is al iuwen sa. In goede boer of eigner fan in bosk of greidelân makket hjiroer ôfspraken. At der fan ien soart tefolle binne giet dat net allinne ten koste fan dizze eigen soart, mar ek fan de soart in stapke leger yn de ‘voedselketen'. Wy witte dat der yn Fryslân in oerskot is oan foksen, kraaien en stienmurden. Dit jout jier op jier grutte problemen foar de kwetsbere piken fan de greidefûgels.  At wy de greidefûgels yn stân hâlde wolle is it bejeien fan dizze rôvers ien fan de te nimmen maatregels.

 

4. It wieter meitsjen fan de greiden beleanje

Plasdras as moerasachtich lân mei in protte ynsekten

De FNP is net bliid mei de teloargong fan it kultuer-histoarysk lânskip mei puollen, sleatten en greppels. In protte fan dizze foar fûgels geskikte biotoop is ferlern gien. Troch it lânoerflak te fergrutsjen en te ferdrûgjen misse bisten lykas de greidefûgel it wichtige slyk dat michjes en ynsekten oanlûkt. In mear wiet lânskip, soms moerrassich, is foar de greidefûgel fan libbensbelang. Dêrom stimulearet ús deputearre de oanlis fan ‘plasdras' gebieten. Mear wetter op it lân, is mear fretten foar de fûgel.

 

Lês mear

Hoe't boeren yn de Noardlike Fryske Wâlden plasdras oanlizze

Johannes Kramer by Omrop Fryslân: "Fryslân docht der alles oan om greidefûgelprovinsje te bliuwen"



Tags: ferkiezings, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer