NIJS   23-01-2019


Fryslân: Foarop rinne mei folslein biologyske lânbou

De FNP wol yn de takomst ta nei in 100 prosint biologyske lânbou. Wêrom wol de partij dit en hoe kin dit? Benammen oer dizze fragen hâldt de FNP op freed 25 jannewaris in temajûn natoer en lânbou op de Dairy Campus yn Ljouwert.

"Fryslân kin de wrâld sûn en duorsum iten jaan!" (Johannes Kramer)

De transysje nei mear natuer-ynklusive lânbou is mei op oanstean fan de FNP yn gong set. Deputearre Johannes Kramer, FNP-listlûker foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten, sjocht oerskeakeljen op biologyske lânbou as in geweldige kâns foar Fryslân: "De Fryske lânbou hat yn ’e wrâld altyd foarop rûn. De gongbere lânbou komt sa stadichoan op dea spoar. Wy wolle in grûnbûne lânbou, mei sa min mooglik keunstdong en sûnder antybiotika. En wy wolle in lânbou mei in ekologysk en ekonomysk sûn verdienmodel. En dan kom je al gau út by de biologyske lânbou."

 

Neffens Kramer sil ier of let de klimaat- en mileu-easken sadanich strang wurde dat de gongbere lânbou yn Nederlân fanwegen de hege kostpriis net mear fol te hâlden is. Tagelyk sil de fraach wrâldwiid nei kwalitatyf heechweardige en sûne lânbouprodukten tanimme. Troch oer te skeakeljen kin de Fryske lânbou wrâldwiid de toan wer oanjaan. De FNP wol de boeren oan alle einen en kanten helpe by de omskeakeling, it moat wol mei de mienskip dien wurde.

 

Ek Jan Douwe van der Ploeg is sprekker. De emeritis heechlearaar Rurale Sosjology (Wageningen Universiteit) leit in relaasje tusken ûntjouwings yn de lânbou en ûntjouwings op it plattelân.

 

Tiidstip: freed 25 jannewaris 2019 fan 20:00 oant 22:00 oere
Lokaasje: Dairy Campus, Boksumerdyk 11, 8912 CA Ljouwert

 

Ynlieding Jan Douwe van der Ploeg
Bydrage Foppe Nijboer (foarsitter Feriening Biologyske Boeren Fryslân)
Ynlieding Johannes Kramer
Reaksjes fan foarum en fragen en reaksjes út de seal
Konklúzjes en sluting, nei ôfrin neiprate mei hapke en drankje

 

Folsleine program
Klik hjirûnder om it folsleine program fan 25 jannewaris te besjen (yn PDF).
Natoer en lanbou Johannes Kramer



Tags: ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer