07-02-2019 -
Fryslân: Ynsette op solide takomst Fryske AkademyDe FNP-Steatefraksje wol in solide en robúste wittenskiplike, kwalitative en finansjele takomst fan de Fryske Akademy. Yn fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân freget de partij dêr oandacht foar. Oanlieding is de krekt ôfsletten Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dêr’t yn stiet dat yn de simmer fan 2019 de posysje opnij besjoen wurde sil. De FNP freget no opheldering oer de ynset fan it Provinsjaal bestjoer.
05-02-2019 -
Fryslân: Stim ôf....op ús podcast-útstjoeringsDe FNP begjint mei podcast-útstjoerings. In podcast is in djipgeand mar noflik petear op ynternet oer maatskiplike en politike tema’s. De partij wol yn de eigen FNPodcast, as earste partij yn Fryslân, belutsenen en kenners sels oan it wurd komme litte.
29-01-2019 -
Fryslân: Soarch oer leefberens by húsfesting tydlike wurknimmersDe húsfesting fan arbeidsmigranten mei net ten koste gean fan de leefberens yn doarpen en stedswiken. De provinsje soe in rol spylje moatte by dit gemeente-oerstiigjende probleem. FNP-Steatelid Klaas Fokkinga hat fragen steld oer de kwestje oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.
26-01-2019 -
Fryslân: Nije bioboeren frijstelle fan belêstingenDe FNP wol boeren dy’t oerskeakelje nei biologyske lânbou finansjeel stypje. Boeren moatte op syn minst twa jier lang frijsteld wurde fan ozb en wetterskipsbelêsting, fynt de partij. Dit is nedich omdat it oergean op biologysk buorkjen de earste jierren net beleane wurdt mei hegere prizen foar bygelyks molke, ierappels of griente.
23-01-2019 -
Fryslân: Foarop rinne mei folslein biologyske lânbouDe FNP wol yn de takomst ta nei in 100 prosint biologyske lânbou. Wêrom wol de partij dit en hoe kin dit? Benammen oer dizze fragen hâldt de FNP op freed 25 jannewaris in temajûn natoer en lânbou op de Dairy Campus yn Ljouwert.
21-01-2019 -
Fryslân: FNP wol alternativen foar djoere advysburo’sDe FNP-Steatefraksje tsjinnet kommende woansdei (23 jannewaris) in moasje yn om minder gebrûk te meitsjen fan djoere eksterne advysburo’s. Oanlieding is it Rekkenkeamerrapport oer de evaluaasje fan grutte projekten. Dêr stiet yn dat de lêste jierren faak in berop dien is eksterne consultants of advysburo’s. De FNP wol neigean oft dat mear yn eigen hûs kin of dat in ûndersykssjoernalist it wurk fan de provinsje kritysk besjocht.
19-01-2019 -
Fryslân: FNP kin faklju helpe oan better imagoIt grutte tekoart oan fakminsken is net maklik op te lossen. De grutste útdaging is it imago fan hânwurk. Bern kieze der dêrtroch net foar in fak te learen. De FNP kin de sektor helpe troch it imago fan hânwurk te ferbetterjen.
05-01-2019 -
Fryslân: Kampanjestart 2019 BoalsertWolkom op de kampanjestart fan de Steateferkiezings fan 20 maart 2019! Mei de jierlikse nijjiersgearsit pakke bestjoer, de ôfdieling Súdwest-Fryslân en in kampanjetiim út op sneon 5 jannewaris yn Boalsert.
29-09-2018 -
Fryslân: Gerben Gerbrandy kandidaat-senator FNP Op de ledegearkomste fan de FNP is Gerben Gerbrandy (Gau) keazen as kandidaat-senator foar de FNP yn de Earste Keamer. Foar de FNP-list fan Wetterskip Fryslân is Bram Bonnema fan Frjentsjer listlûker wurden
06-04-2018 -
Fryslân: FNP: bioferskaat yn nij Europeesk lânboubelied De FNP is fan miening dat yn it nije Europeesk lânboubelied (CAP) 2020 it bioferskaat yn de lânbou stimulearre wurde moat. De boeren moatte dêr in earlik ynkommen foar krije.
03-04-2018 -
Fryslân: Minority SafePack InitiativeTekenje no it Europeeske Boargerinisjatyf en stypje dêrmei de lytse talen yn Europa.
26-02-2018 -
Fryslân: Diskusjejûn referindum Sleepwet 1 maart It HearrenfeanDe FNP organisearret yn de mande mei de OSF in diskusjejûn oer de sleepwet. Hjirby giet it net sasear om wa’t gelyk hat, mar om it foarmjen fan in eigen oardiel hjiroer.
23-02-2018 -
Fryslân: 24 febrewaris - Manifestaasje tsjin gaswinning yn Grinslân en FryslânOm in sterke fûst te meitsjen tsjin gaswinning en de skealike gefolgen hjirfan organisearje de gearwurkjende regionale OSF-partijen FNP, Groninger Belang en Partij voor het Noorden in manifestaasje.
26-06-2017 -
Fryslân: Steatefraksje FNP komt mei moasje stipe Alde Fryske Tsjerken De Stifting bepleitet al jierren om de subsydzje meigroeie te litten mei it tal tsjerken, leit direkteur Gerhard Bakker út. "It tal tsjerken is mei 25% groeid, mar de subsydzje is gelyk bleaun. Dat begjint hieltyd mear te knipen. Wy binne dan ek bliid mei it inisjatyf fan de FNP."
14-06-2017 -
Fryslân: 'Ik bin gjin plúsplakker' - Cees van Mourik yn de Frijbûtser fan junyDe nije partijfoarsitter fan de FNP jout yn syn yntreerede oan wat wy fan him ferwachtsje kinne. Fierder yn dizze edysje it ferslach fan de ALG op 19 maaie, de grutte punten fan de FNP yn de Steaten en oer de kandidatelist fan FNP Ljouwert.
Argyf