NIJS   22-09-2011


Moasje tsjin sâltwinning unanym oannommen

CDA, FNP en PvdA hawwe in ynterpellaasjedebat oanfrege tsjin de sâltwinning. In moasje krige unanime stipe yn de Steaten. Ek wurde de gemeenten yn NoardWestFryslân oproppen deselde moasje yn har gearkomsten fêst te stellen.

In moasje tsjin de sâltwinning krige by de steategearkomst fan 21 septimber de stipe fan alle partijen. De Steaten roppe dêrmei de Twadde Keamer op om de winning ûnder de fêste wâl al yn 2015 stil te lizzen. Fierder freegje de partijen om in goede skearegeling en in nije start foar it gebietsproses.

 

Klik hjir nei de moasje en de fragen dy't yn de ynterpellaasje steld binne.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer