NIJS   03-06-2012


FNP: Skeafergoeding sâltwinning net út doarpsfisyfûns!

7 juny beslút de rie fan Frjentsjerteradiel oer in bydrage foar in maatskiplike plus as fersêfting fan de skea troch gaswinning.


Nei jierren fan praten sil der no wurk makke wurde fan it gebietsplan yn it sâltwinningsgebiet. Yn dit plan is sprake fan in maatskiplike plus foar de Bjirmen en Tsjummearum.

De FNP is hjir ferskuorrende bliid mei!

Mar no docht bliken dat der jild út it doarpfisyfûns brûkt wurde sil en dêr is de FNP poer op tsjin! Dit fûns brûke om de skea fan de sâltwinning te fersêftsjen is in sigaar út eigen doaze.

It doarpsfisyfûns is yn it libben roppen om doarpen in kâns te bieden om troch har winske projekten útfiere te kinnen. De gemeente hat hjir sels in priis foar krigen [foto]! Dat dit jild no ynset wurdt om de gefolgen fan de net winske sâltwinning te fersêftsjen is wol hiel wrang.

Troch dit jild fan it doarpsfisyfûns yn te setten is der gjin romte foar winsken fan oare doarpen yn de gemeente. Dit kin net de bedoeling wêze. Sa ûnderfine sels doarpen wêr't gjin sâlt wûn wurdt wol skealike gefolgen.

 

 

[foto: Utrikking fan 'e juichwilg oan Gemeente 13-10-11]

foto franekeradeel wint juichwilg 13102011



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer