NIJS   13-04-2015


Jierferslach 2014 - ledegearkomste 30 april

De ledegearkomste wie jûns om acht oere yn ”Op Healwei” yn Skingen/Slappeterp

Jierferslach FNP Menameradiel 2014

                                                                                                                                                                                                      

Yn in jierferslach moat,  sa as ik it begrepen ha de wederwaardichheden fermeld wurde dy't bûten ús fraksjegearkomsten om bard binne. Oars soe ik net witte wêr oft in jierferslach foar nedich is.

Fan alle fraksje gearkomsten binne ferslaggen foarhannen en út soarte maklik te krijen.

Mar der bard mear yn in jier, sa ek it jier 2014, wêr't we drekst al te meitsjen krije mei de gemeentlike ferkiezings yn maart.

Dit ferget wer de noadige tariedings oangeande de kandidaten foar de list en benammen dyjingen dy't ek noch in kâns hawwe om yn de ried te kommen, dit bliek ta grutte blidens fan de foarsitter allegearre flot te gean, der wiene genôch kandidaten en ek mei de pretinsje om in sit yn de rie hawwe te wollen, mar, sa as it faak giet, dan komt de domper, men wurdt konfrontearre mei saken dy't men yngreven beprate moatte en sels de foarsitter 's nachts út de sliep hâlde.

Mar swierrichheden binne der om oplost te wurden en sa komme wy der dochs wer út en komme  mei in goed stel kandidaten foar de ferkiezings foar't ljocht.

De propaganda kommisje is dan ek al drok dwaande om it ien en oar foarm en stâl te jaan, âlde paden wurde omploege en nije wegen wurde berûn, in strategy dy't net by elkenien dúdlik wie en ek net rjocht helder waard yn de oanrin nei de kampanje, mar earst nei ôfrin fan it hiele sirkus waard it pas pynlik dúdlik, nije wegen binne net altyd de koarste wei en litte harren ek net altyd yn foardielichheid fertale.

Fierders rûn de kampanje as in trein foaral mei de karavan troch de doarpen mei koekjes en boekjes, it hat elk wer skoan foldien, ek wiene we tefreden oer it ferin fan dizze ferkiezings, ien sit mear wie it troch ús behelle FNP resultaat.

Dit fertaalde him spitichernôch net yn de koalysje foarming fan de nije ried, it antwurd fan de ferantwurdlike formateur wie, wat goed wie moat goed bliuwe en we kinne sa op de âlde foet fierder. Dêr moasten wy it dan mar mei dwaan, al sille ús riedsleden wol even ta tsien teld hawwe.

Wy nimme ôfskie fan Thys van der Schaaf as riedslid, dit hawwe we alris earder dien, mar omstannichheden brochten mei dat we Thys wer freegje moasten om syn plakje wer yn te nimmen, no liket it der op dat it definityf wêze sil.

Dan komme fansels ek de weryndielings perikelen mei It Bildt, Frjentsjerteradiel en in part fan Littenseradiel om'e hoeke, en binne der de earste moetings om mei elkoar yn'e kunde te kommen en letter de opmaat om ta gearwurking te kommen.

It feit wol dat ús foarman Rikus Sinnema it mei syn wurksemheden te drok kriget en it foarsittersstokje fan de fraksje oerdraacht oan Haaye Hoekstra ús twadde man, dit is Haaye wol tafertroud,  fierders wurde de kaarten net skodde en kin it spul gewoan trochgean.

In nije foarm fan riedsgearkomsten en it yn it libben roppen fan in sosjaal domein binne feroarings by it gemeentebestjoer.

In bytsje mismoedich en teloarsteld oer de foarming fan de nije riedskoalysje, mar dochs wer mei moed geanne we fierder en litte lang om let it jier 2014 wer efter ús, wy hoopje der wer op dat wy noch mei nocht fierder meije, om ús ek wer yn 2015 fan de bêste kant sjen en hearre te litten.

Skriuwer Klaas Abe



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer