NIJS 26-05-2015
De FNP wol net mear bebouwing op Schapenweide/Bloemketerp
De FNP sil yn de rie fan tongersdei 28 maaie besykje dit mei in amendemint út de struktuerfyzje te heljen.
|
 |
Mei it argumint dat it yn de struktuerfyzje stêd Frjentsjer 2005-2015 opnommen wie, wie der nijbou fan de basisskoallen pland op de saneamde skieppegreide op Blomketerp. De FNP wie en is net oertsjoege fan de needsaak fan bouwen op dat kwetsbere plak. "Wy wienen fûl tsjin, mar ha de striid net winne kinnen", sa seit Jan Dijkstra. "Wy fine it nammentlik tige wichtich dat dat weardefolle plak ûnbebouwd bliuwt, sa deun njonken it beskerme stedsgesicht. We hawwe ommers ea oan de provinsje tasein om de sichtlinen te bewarjen." Yn de nije struktuerfyzje dy't foarleit foar de kommende 10 jier, kinne we dat as rie no werstelle. Mei om't de skoalbestjoeren oanjûn hawwe gjin gebrûk mear meitsje te wollen fan dat plak foar harren nijbou mar leaver yn de stêd sitten te bliuwen. "No't de 'needsaak' foar bebouwing der net mear is, kin de skieppegreide maklik behâlden bliuwe". De FNP sil yn de rie fan tongersdei 28 maaie besykje de oare politike partijen mei te krijen en dit punt mei in amendemint út de struktuerfyzje te heljen.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP