NIJS   26-06-2015


FNP Frjentsjerteradiel pakt troch!

Tongersdei 25 juny 2015 stie de bestjoersrapportaazje (BeRap) fan de earste 4 moannen fan it jier 2015 op de wurklist fan de Rie yn Frjentsjerteradiel.

Oer ferskate programma's en projekten en ek oer de dekkingsmiddels stelde riedslid Gea Iedema in oantal fragen en pleatste opmerkings út namme fan de FNP by:  

  • Program 2) oerlêst bysûndere doelgroepen GGZ 

  • Program 3) ûnderhâld oan de Tzummerweg meifaller fan 233.000 euro 
    Program 7) minder bern troch de krimp op de pjutteboartersplakken  

  • Program 8) noch mar 11 bedriuwskontrôles útfierd troch FUMO 

  • Oersicht algemiene dekkingsmiddels) meifaller fan 475.000 euro 

Projekten 

  • Waadglês - Projekt Greenport yn NH liket wol te slagjen 

  • Gebiedsproses Franekeradeel-Harlingen - ekstern ûndersyk Vermillion  

  • Untwikkeling Tsjummearum - skoallen 

  • Franeker Waddenpoort - Wêrom mear tarieding nedich? 

 

Jo kinne wat der oer sein is werom harkje op de livestream (2:13:60 - Gea Iedema fanôf 00:30:00).  

 

Logo FUMO

FUMO  


Mar wat we hjir efkes útljochtsje wolle is de mienskiplike regeling (MR) fan de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing). De gemeente Frjentsjerteradiel is mei alle oare Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en de Provinsje Fryslân dielnimmer yn dizze MR.

 

Foar Frjentsjerteradiel moat de FUMO 152 bedriuwskontrôles útfiere, mar se hawwe der yn de earste 4 moannen noch mar 11 dien. "Als er niet snel tempo wordt gemaakt dan gaat de FUMO de planning ook in 2015 niet halen", sa skreau it kolleezje yn de rapportaazje.  
De FNP wol witte oft jo dan jild werom krije? Want as in partij net levert wêr't dy foar betelle wurdt dan is it dochs hiel gewoan om der ek net foar te beteljen? Fan de wethâlder (Bekkema) hearden wy dat dit troch in ‘weeffout' yn de MR net opnommen is. Op ús fraach wat wy as gemeente dêr oan dwaan kinne om de FUMO mear bedriuwskontrôles útfiere te litten, sei Bekkema, dat der eins neat mooglik is. 
 
As FNP noaske ús dat net. Dêrom hawwe wy op dat stuit sein dat we in moasje yntsjinje woenen en de foarsitter frege om te skorsen. De moasje hinget hjirûnder as bijlage, mar ynhâldelik komt it der op del dat wy in dúdlik sinjaal ôfjaan wolle rjochting de FUMO. Dat wy net akseptearje dat as sy net oan harren ferplichtings foldogge, wy wol it folle bedrach betelje moatte. We hawwe it kolleezje opdroegen om him ta it úterste yn te spannen, de regeljouwing oangeande de betelling fan de FUMO sa oan te passen dat der ôfrekkene wurdt op prestaasjes. Yn gearwurking mei de oare dielnimmers moat de MR hjir op oanpast wurde, it kolleezje sil dizze moasje ek oan de oare dielnimmers oanbiede. 

 

De moasje waard oernommen troch it kolleezje en by stimming die bliken dat de hiele Rie unanym foar de moasje wie. 

  



Downloads:
Moasje FNP 250615 fumo.pdf


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer