NIJS   14-11-2015


Ynstimd mei weryndielingsûntwerp, mar we bliuwe kritysk!

We hawwe 12 novimber 2015 as Rie fan Frjentsjerteradiel in wichtige stap setten op wei nei in nije gemeente. Yn ûndersteande tekst, kinne jimme lêze hoe't wy as FNP dit proses yn de ôfrûne jierren belibbe hawwe en hoe't wy ús opsteld hawwe.

 

Jan Dijkstra FNP Frjentsjerteradiel

 

Tekst fan Jan Dijkstra foar de rie:

"Wy moatte jûn in grutte stap sette yn it proses op wei nei in nije gemeente. De ridende trein komt in stasjon foarby, dus stean we efkes stil. Wat is der allegearre bard, wêrom binne we ûnderweis, wat kostet it, wêr geane we hinne, is elk noch oan board?
It idee om in nije gruttere gemeente te kreëarjen komt net yn earste oanlis by de FNP wei. Wy hawwe altyd kritysk nei it proses sjoen, net om't wy bang binne foar feroaring, mar om't we ticht by de boarger stean wolle, goed op it jild passe wolle en in dúdlike ferbettering sjen wolle by sa'n grutte stap. Want it is nochal in stap. Tagelyk seagen we fansels dat de trein stadich yn beweging kaam en ien kear op gong amper mear te kearen wêze soe. Dus moasten we bystjoere wer't it noch koe. Dat hat ús wol krityk fan oaren oplevere, dy't soms mei de blynkapen op fol gas jaan woenen. Efternei ha we it goed sjoen, sa tinkt de FNP.

 

Yn earsten wie der sprake fan in grutte gemeente mei miskien wol sa'n 80.000 ynwenners, leafst al yn 2016. Dat wie foar de FNP fanôf it begjin in stap te fier en it gong ús ek fiersten te hurd. Hoe moasten we it oan ús boargers útlizze, en noch mear hoe moasten we se der by belûke? As de FNP werom sjocht nei dat proses, dan binne we dêr noch kritysk oer. In lytse, diskutabele enkête om oan de ferplichtingen te foldwaan, dat hawwe we dien. Dat hienen we graach oars sjoen, mar dêr hawwe we ús by del lizze moatten. Dat streekrjocht de miening fan de ynwenners freegje ynfloed hat, hawwe we yn omlizzende gemeenten sjoen. It hat der foar soarge dat de saak in stik oersichtliker waard.

 

Wat hat ús dan oer de streep lutsen om mei te dwaan oan de mienskiplike ambysje? Bouwe oan in sterke gemeente koenen we net op tsjin wêze. Arguminten dat it finansjeel foardiel opleverje soe hawwe we fanôf it begjin net yn leaud. Wy tinke noch dat it in protte jild kostje sil, mar binne ek fan miening dat we net allinnich nei it jild sjen moatte. Likemin ferwachten we wat fan mear bestjoerskrêft. Dat is ek noch net feroare, mei wat mear omfang bliuwe we betreklik lyts. De gemeenten om ús hinne wurde ek grutter. Troch natuerlik ferrin kin de kwaliteit by de tiid oanpast en miskien ferbettere wurde, mar dêr hoege jo net om te fusearjen. Minder GR's, dat wie in reden dy't de FNP wol tige oanspruts, mar ek dêr hiene we twivel oer. Dat liket no al befêstige te wurden en dat is wol in grutte teloarstelling. Sa ferfalt ien fan de grutste foardielen en dan steane jo wol efkes raar te sjen. Twivel slacht ta, binne we wol goed oan de gong? Is de FNP dan in partij fan soersjoggers en probleemtinkers? Nee wis net, mar wat dizze punten oangiet ha we it tink ik net ferkeard sjoen. Dat is spitich, mar wol reëel.

 

Is it dan allegearre negatyf, de foarstelde weryndieling? Nee lokkich is dat ek net sa. Stadichoan gong it de kant út dy't de FNP foarstie. In oersichtlike plattelânsgemeente, foarearst sûnder in Harns, te foarmjen yn 2018. Mei gemeenten dy't wol by ús passe en net te ferjitten, wy by harren. Om ús hinne is fan alles geande, ek partners wer't in gemeente mei gearwurkje moat, tink oan soarchynstellings, omlizzende gemeenten, guon profesjonele partijen wurde grutter en freegje mear kunde. Wy sjogge de trein wol riden en wolle net efter bliuwe op it stasjon. Nee wis net, wy wolle mei oan it roer stean om te sjen oft it wol goed komt. Wy wolle de fertaalslach nei de ynwenners meitsjen bliuwe, wach wêze dat de minsken noch oan board binne, de kosten en de doelen skerp yn byld hâlde. Dus wolle wy foaral sjen nei wat we ús ynwenners biede kinne.

 

Wy wolle tafersjoch hâlde oer tsjinstferliening ticht by de boarger, oer it "Bildts Aigene" (Side 17), wat by de FNP yn goeie hannen is, oer ús kultuer, oer ús trije...fjouwer talen, it Frysk, it Bildts, .....it Franekers, yn in omjouwing wêryn as it Hollânsk him wol rêde sil. (Side 20, 32 Littens). Der wurdt ek sprutsen oer de fergrizing en de krisis. Saken dy't yn golven oer de maatskippij gean, mar dy't wol wat freegje fan it betsjoer (Side 26), oer grinskorreksjes oan de eastkant (Side 27), oer de soarch dy't goed ferrinne moat. De nije gemeente wol him ferbine mei de ynwenners, no dat wolle wy ek. (1Side 30) De finânsjes wolle we brûke en goed beheare. Samar in greep út it ûntwerp wat foarleit.

 

It weryndielingsûntwerp is in beskriuwing fan it proses en dêr hawwe we no neat mear oan ta te foegjen. Mei it each op de lange takomst sil it net oars kinne. De FNP stimt yn mei it weryndielingsplan en by hearrende punten en bliuwt konstruktyf, mar kritysk, meidwaan!"

 

Fan de oare partijen hawwe allinnich de PvdA, Gemeentebelang en de VVD koart reagearre op dit wichtige útstel. CDA, D66 en CU hawwe der blykber gjin miening oer. Dan is it mar goed dat der in FNP is, dy't skerp is op alles wat der bart by dizze grutte feroaring, foar boarger, amtlik apparaat en bedriuwen.

 

Jo kinne de Riedsgearkomste weromharkje op: http://player.companywebcast.com/franekeradeel/20151112_1/nl/player en it punt 007.1. giet oer it Weryndielingsûntwerp.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer