NIJS   22-12-2015


YHP foar en Wykfisy tsjin - hjir it wêrom

Tongersdei 17 desimber 2015 stiene in oantal wichtige saken op de wurklist fan de rie fan Frjentsjerteradiel, wêrûnder: it Yntegraal Húsfestingsplan (YHP) 2016-2017 en de Wykfisys Frjentsjer.


YHP - wurdfierder Sietze de Haan

Yn de riedsgearkomste fan 17 desimber hawwe wy foarstellen dien foar it ferbetterjen fan de húsfesting fan it ûnderwiis yn ús gemeente. Wy wolle graach yn gearwurking mei it ûnderwiisfjild in fisy op de húsfesting foar de kommende jierren opstelle. It docht bliken dat de feroaringen binnen it ûnderwiis fluch geane. Ynsichten feroarje, de digitalisearring easket oare kwaliteiten en húsfesting. Boppedat sjogge wy de learlingoantallen yn rap tempo nei ûnderen gean en dat de ferskowingen tusken de ferskate ûnderwiisorganisaasjes grut binne.

 

As FNP hienen wy dan ek graach yn gearwurking mei it ûnderwiisfjild in fisy oer it húsfestjen fan de bern opstelt en dêrneist in draachflakûndersyk dien nei ien skoalle yn de doarpen Seisbierrum en Tsjummearum.

Spitigernôch wolle de koalysje partijen dit net. Sy binne fan betinken dat wy as gemeente ús hjir net mei bemuoie moatte. In miste kâns. It giet der just no om, om ienheid út te stralen. Dat jout enerzjy en belutsenheid.

Wy hawwe nettsjinsteande it feit dat de moasje net oernaam waard, wol foar it YHP stimt om 't wy ek net fierder koenen mei it âlde YHP.

 

YHP Wykfisys Frjentsjer

 

Wykfisys Frjentsjer- wurdfierder Hans Nauta

As FNP binne wy in grut foarstanner fan wykfisys en dat dy der neist de doarpsfisys no ek komme. Wy binne wol fan betinken dat de fisys fan út de mienskip sels komme moatte, fan ûnderop. Dit koenen wy yn de notysje oer it wykfisyplan te min werom fine. Ommers de fisys binne opsteld troch Accolade, de Skûle en de wykplysje. Te min fan ûnder op dus....

Dêrby komt noch dat de 290.000 euro dy't yn it doarpsfisyfûns sit, net oanfolt wurdt mei jild en it bedrach dus ynienen dield wurde moat mei mooglike projekten fan de wykferieningen.
Hjir koenen wy it net mei iens wêze. Derom hawwe wy ek frege wêr't hja it jild by mooglike tekoarten wei helje wol. Der is nea jild foar nij belied en no waard der troch de wethâlder wol hiel maklik oer praat en soe der dan wol jild fûn wurde. De reden dat wy tsjin dit foarstel stimt hawwe.

 

Hawwe jo fragen nei oanlieding fan dit ferslach dan kinne jo kontakt opnimme mei de wurdfierders fan de ferskate ûnderwerpen. 

 

Foar dit jier wie dit de lêste riedsgearkomste. Op 7 jannewaris 2016 hawwe wy wer in riedskommisjegearkomste. Eltsenien is wolkom. Dat jild ek foar ús fraksjegearkomsten . Dan wol graach efkes yn 't foar opjaan by de fraksjefoarsitter.

 

Foar no winskje wy jo noflike krystdagen en in sûn en lokkich nijjier ta! FNP Docht It ek yn 2016 Foar Jo!



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer