NIJS   28-01-2016


Havo learlingen op besite yn Gemeentehûs

Net allinnich wiene de learlingen op besite, mar sy folgden in les oer hoe de gemeente wurket. Dizze les waard fersoarge troch Jenna Hulzenbos fan ProDemos.

Earst waard útlis jûn en letter in debat fierd oer in foarstel fan in kolleezje dy't fjoerwurkfrije sônes ynfiere woene yn harren gemeente. De jongerein wiene allegearre oan in politike partij keppele en moasten harren stânpunten ynbringe dan wol ferdigenje. Ferskate amendeminten kamen deroan te pas!

 

Debattearjen kinne jo wol oan us jongfolk oerlitte. It debat wie goed en weardich en hjir en dêr wurden de stânpunten mei humor ynbrocht. It útstel is oannommen. Der wiene sa'n 24 riedsleden wêrfan 4 tsjin stimden.

 

Riedslid Jan Dykstra (FNP), Gea Iedema (FNP) en Dit Bloem (CU) fertsjinwurdigen de rie fan Frjentsjerteradiel. Caroline de Pee wie der út namme fan it kolleezje fan B&W. 

 

Wy hawwe as FNP wis wol potinsjeel sjoen ûnder ús jongerein. De FNP hat de learlingen dêrom oproppen omris by in riedsgearkomste en/of oars mei in ynisjatyfútstel by de fraksje del te kommen. 

 

Oan it ein waard der noch in skofke neipraat mei de jongerein. Wy sjogge yn elts gefal werom op in moaie dei! Mei tank oan ProDemos.

 

 
Gemeentehu 770;s 3
Gemeentehu 770;s 4
 
 
Gemeentehu 770;s 15
Gemeentehu 770;s 14
 
  Gemeentehu 770;s 10
Gemeentehu 770;s 11
 

 

  Mear foto sjen? Gean dan nei ús Facebookside .

 


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer