Faaks wit elts wol wat se dogge... we sjogge harren ommers wit hoe faak mei grut materieel ûnderweis nei lân, dat bewurke wurde moat, of nei in grûn- of ynfraprojekt. Mar se dogge folle mear: op- en oerslach, glêdensbestriding, riidplatenferhier ensh. Sels neame se harren spesjalisten op it mêd fan agri, grien, grûn en ynfra. De FNP kin dat nei de besite oan de fêstigingen wol ûnderskriuwe.
De ûntfangst yn de kantine wie tige noflik. Alle bedriuwsaktiviteiten kamen oan de oarder en fansels ek it ûnderwerp duorsumens. Dat stiet heech yn it findel by Westra. Sa dogge se sûnt 2014 mei oan de CO-2 prestaasjeljedder fan de Stichting Klimaatvriendelijk Aanbesteden en Ondernemen (SKAO) en binne yntusken sertifisearre op nivo 3. Mei in eigen wynmûne en sinnepanielen wekke sy harren eigen griene stream op.
Fierder stribbet Leanbedriuw Westra dernei om wurk mei wurk te meitsjen; troch krekte berekkeningen en sa effektyf mooglike ynset fan minsk en masjine sa duorsen mooglik te wurkjen. De filosofy is dan sa min mooglik transportbewegings, troch foaral yn de regio aktyf te wêzen, en organyske stoffen it leafst yn de regio te hâlden en brûken. Der wurdt wurke mei modern materiaal en de nijste ûntwikkelings wurde ynset."Wurkje yn de keten, gearwurkje mei oaren, dat is it moaiste", neffens Mathijs Westra.
FNP-Steatelid Sybren Posthumus wie ek by dizze bedriuwsbesite oanwêzich en djip ûnder de yndruk fan dit "Machtich MKB bedriuw", sa poste hy op Twitter.
Oan de ein fan de besite yn Frjentsjer waard de hiele FNP fraksje ek noch troch Matthijs Westra (mei eigen ferfier) yn Harns, by de grienrecycling rûnlaat. Al mei al is de FNP in protte mear te witten te kommen oer dit prachtige MKB bedriuw.