Hjirûnder de bydrage fan Jan Dijkstra:
"Wy hawwe mei de bewenners fan de Froonackerflat de sytuaasje besjen kinnen, harren soargen hearre kinnen, kranten lêze kinnen, mails trochsjen kinnen, sels de faak wat minder nuansearre sosjale media besjen kinnen. It is dúdlik dat dit ûnderwerp minsken dwaande hâld en dêrom moatte we der alle oandacht foar hawwe.De komst fan maksimaal 200 frjemde minsken, út oare oarden is foar Frjentsjer gewoan wei gjin probleem. In protte minsken skrikke der wol fan dat se yn ien kear komme, twa jier bliuwe en ek noch op in net troch ús direkt oanwezen plak. Dêrby bin guon minsken ek bang foar dy minsken, wat op himsels net raar is, want jo moatte altyd efkes wenne oan nijigheden. Meastal blykt it nei in lytse perioade fan wennen tige mei te fallen. Sjoch nei Ootmarsum, (4500) wer't de flechtlingen ûnder applaus fan de ynwenners it karnafal mei fierden. In projekt fan deselde úndernimmer, as ik my net fersin. (Ootmarsumse vluchtelingen bedanken heel Holland in optocht (Tubantia), Onnen (430) viert feestje met asielzoekers).
Binne alle soargen dan foar neat? Nee dat tink ik net. Der komt in kloft minsken, ús frjemd, mei oare gewoanten, net frijwillich, mar ferdreaun, ticht by elkoar plakt yn in gebou. Binne we dêr as FNP bliid mei? Nee dat binne we net, leaver hiene dizze minsken in better ûnderdak bean, mar dat kin net, want it giet hjir om needopfang! Dat is ek de reden dat it allegjer hurd moat. Wol binne we bliid dat we foar ús meiminske, medemens, wat dwaan kinne en dat der útfiering jûn wurdt oan de earder oannommen riedbrede moasje om te helpen by dizze wrâldproblemen. Moai ek om konstatearje te kinnen ,dat de measte minsken posityf binne oer de opfang fan flechtlingen...mar muoite ha mei it plak. Benammen de ferwevenheid yn de Froonacker flat.
De FNP hat de folgjende fragen oan it kolleezje foarlein:
Konklúsje
Nei de beantwurding fan de measte fragen, konkludearje wy dat der in tal tassizzingen dien binne, dy't hout snije. We tinke dat de boargemaster nammens it kolleezje in reëel bield sketst hat. Der komme easken oan Accolade om mei ûndernimmer Bouhuys ta in ôfdwaande oplossing te kommen oangeande lûdswearende maatrigels, der leit de tasizzing dat der mear ynset fan wykplysje komme sil. Fjirders sil it kolleezje aktyf yn kontakt trede mei de wykbewenners.
Dat bringt ús op it stuit ta de folgjende opstelling:
De FNP giet út fan in iepen maatskippij dy't gastfrij en respektfol mei oare kultueren en libbenswizen omgiet. De FNP is foar in humaan flechtlingebelied en in gastfrij Fryslân. Wilens hâlde wy as FNP de ûntwikkelings skerp yn de gaten en prebearje we yn kontakt te bliuwen mei bewenners fan de Froonacker en de buurt.
Op 25 febrewaris wurdt der yn de rie in beslút naam oer dit punt.
Jan Dijkstra
Fraksjefoarsitter FNP Frjentsjerteradiel