NIJS   13-03-2016


Takomst Sosjale Tjinst Noardwest-Fryslân

Yn de riedsgearkomste fan 10 maart 2016 hat it foarstel fan it kolleezje om de nije gemeente Waadhoeke it advys mei te jaan om it Sosjale Domein pas mei yngong fan 1 jannewaris 2020 ûnder de gemeente te bringen it net helle.

De stimmen staakten (9-9). It amendemint (sjoch bylage) yntsjinne troch PvdA, FNP, D66, GL en CU waar net oernommen troch it kolleezje en krige spitgernoch gjin byfal fan Gemeentebelang en it CDA.

 

Op Wei Nei Waadhoeke 

 

Elkenien is it der wol oer iens dat de gemeenterie mear sizzenskip krije moat oer de Sosjale Tsjinst. Hoe earder der dúdlikheid is, hoe earder der begûn wurde kin mei de needsaaklike oanpassingen fan de tsjinst. It foarstel fan it Kolleezje lost dit op koarte termyn net op. Se probearre tiid te keapjen en hoopje dat it nei 1-1-2018 wol slagget om de hjoeddeiske bestjoerders fan de 7 dielnimmende gemeenten yn de sosjale tsjinst op ien line te krijen. Der wurdt fan útgongen dat dit dan wol slagget om't it politike fjild dan feroare is. 

 

As FNP wolle wy ús ferantwurdlikens nimme. Wy wolle dan ek de tsjinst mei yngong fan 1-1-2018 ûnder de nije gemeente bringe. sa as ôfpraat by it foarnimmen om te fusearjen. Fan útstel komt faak ôfstel. Ek foar it personiel is it wichtich dat der dúdlikheid komt. Boppedat kin it personiel dan meidwaan yn de prosedueres ta pleatsing by de werferdieling fan de funksjes yn de nije gemeente. Oars moat dit sirkus yn 2020 op ‘e nij. 

 

Op 23 maart o.s. komt it foarstel fan it Kolleezje op nij oan de oarder.




Downloads:
Amendemint sosjale domein.pdf


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer