NIJS   23-03-2016


Jierferslach 2015

It jierferslach oer it jier 2015, alles wat skreaun is moat blykber nochris oereide wurde en de dingen bûten de gearkomsten moatte yn dit ferslach harren gerak krije. Gjin mins dy't der wer nei omsjocht, want it hat ommers west en wat west hat is histoarje en wy wolle no ien kear graach de takomst yn: regeare is foarút sjen.

Jierferslach FNP ôfdieling Menameradiel, 2015

 

Noch mar amper oer de grins fan 2015 en wol op 10 jannewaris waard de betreklikheid fan it libben wer dúdlik foar ús allegearre.

Wy hienen in fersyk yntsjinne om de nije fûgelhut by Wier de namme fan ús ferstoarne fraksjefoarsitter, Freark Siegersma, te jaan.

Oan dit fersyk wie gehoar jûn, Freark wie in natuer man en hie him altyd tige ynset foar dit gebiet en om dêr in hut te krijen

Dus tôgen wy dy sneontemoarns oan de ankels ta troch de drek. Foar dyjingen dy't de learzens thús litten hienen, lavearjend om de mûzegatten, mei in noardwester stoarm rjocht foar de raap op nei de yn'e fierte oan de seame fan it breed stik wetter oprizende skûlhutte, mei it buordsje ûnder de earm en in bûse fol skroeven.

Doe't alles fêst siet en de Fryske flage noch mar amper oer it buordsje hong, kamen de earste gasten al huverjend en hantsjebakkend oanstrompeljen. It waard sa njonkenlytsen in hiele kloft, blauwe noazen en reade earen, elk mins wie dizze sneon gelyk en wat in ferskaat: pommeranten, bestjoerders, FNP-leden, boargers en famylje fan Freark, allegearre skoden se yn de fûgelhut. Bûten wie ek hast net te ferkearen, freonen en fijannen yn de polityk, se stienen deun op elkoar, sa deun hienen se noch nea by elkoarren stien. De hannen  djip yn 'e bûse en der wie gjin romte om se der út te krijen.

Freark syn widdofrou ûntbleate it buordsje en de famylje wie tige optein oer dit barren en hat ús der letter och sa foar betanke.

Nei‘t wy it fjild wer út wienen en noch in pear auto's oantreaun hienen om wer op 'e dyk te kommen, wie der noch kofje mei gebak yn de fuortbalkantine te Berltsum. Dêr koenen wy de noazen wer opwaarmje en dy sille wol rillegau wer allegearre deselde kant útstien ha.

Wy krije dan de provinsjale ferkiezings, it measte wurk is wer foar de propagandakommisje, briefkes sútelje, buorden oan 'e dyk en advertinsjes pleatse yn de pleatslike blêden, fierder ferrûn de ferkiezing nei ús betinken goed.

De weryndieling hat ek dit jier fansels ús omtinken hân en de interimbestjoeren en kommisjes hawwe op alle fronten oerlein mei de buorgemeenten en de te fusearen FNP-partijen. Mei dy FNP-partijen is dit net sa dreech, mar It Bildt hat oare pleatslike partijen en dan moatte jo besykje dy eins mei ús op ien lijn krijen.

Dit freget ûnderhandeling en wy witte de Bildtkers binne dreech en jouwe net gau ta.

Sa buorkje wy wer op nei de fakânsjetiid en nei't elk wer mei in koffer fol ferhalen oer bergen, bosken, rivieren, see en strân en net te ferjitten de streamen auto's en it wachtsjen yn de file, wer bliid is dat der thús wie, kin it wurk wer begjinne en it deistich libben wer stâl krije.

22 augustus wie de dei dat we bûtendoar fleisskroeie koenen op Healwei tusken Skingen en Slappeterp om mei-inoar as fraksjes fan de FNP en oaren, fan de te fusearen gemeenten, yn de kunde te kommen. De bûtenkeuken is in fenomeen de lêste jierren, mar mooglik ek al wer efterhelle want it rûn net stoarm, mar it foldie oan de ferwachtings.

Fierders koenen wy it jier ôfslúte sûnder dat der wrâldskokkende feiten yn ús partij bard binne. No ja, kommisje sosjaal domein, fraksjeleden en it bestjoer hawwe net stilsitten fansels, mar dêr binne wol oare ferslaggen fan.

Dan folgje no de opsommings fan de feiten en gearkomsten fan it jier 2015.

Gearkomsten:

11 iepenbiere fraksjegearkomsten ferspraat oer de doarpen fan ús gemeente.

Bestjoersgearkomste       30 maart by Ali oan hûs

Bestjoer en fraksje           23 Juny Heechhout te Berltsum.

Bestjoer en fraksje           09 novimber            gemeentehûs Menaam konsept weryndieling.

Bestjoer en fraksje           02 desember by Ali oan hûs .

 

Hjir woe ik it earst foar 2015 mar by litte.

 

Skriuwer Klaas Abe.

                                                                                                                                      

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer