Bert Vollema (1968) nimt in soad bestjoerlike ûnderfining mei. Yn 1998 waard hy keazen as lid fan de lede-rie fan 'e suvelkoöperaasje no FrieslandCampina. Hy hat dêr in soad ûnderfining opdien en de mooglikheid krigen om de oplieding Leergang Leiderschap fan Nice-Nyenrode te folgjen. Dêr hat er in soad ynsicht krigen yn hoe't it iepenbier bestjoer wurket. Derneist hat der noch foarsitter west fan Doarpsbelang Tsjom en is mei oprjochter fan de Federaasje fan Doarpsbelangen Frjentsjerteradiel. Bert nimt in prinsipe de portefúlje oer dy't Sietze de Haan hie, nammentlik ûnderwiis, sport en finânsjes.
Sietze de Haan sil him no bestjoerlik ynsette foar ús partij en him de kommende tiid dwaande hâlde mei it opsetten fan de nije ôfdieling FNP Waadhoeke. Wy tankje Sietze foar syn ynset de ôfrûne 6 jier yn de rie fan Frjentsjerteradiel. Hy hat wis fan tafoege wearde west troch de te behanneljen ûnderwerpen troch in oare kiker te besjen.
![]() |
![]() |
![]() |
Bert Vollema en Anna Martha van der Mei |
De fjouwer riedsleden | Sietze de Haan |
Sjoch ek de taheake bylagen.