NIJS   11-06-2016


Inisjatyfútstel Jongerein Advysrie

De FNP en D66 yn Frjentsjerteradiel komme tongersdei 16 juny mei in inisjatyfútstel om in Jongerein Advysrie yn it libben te roppen, sadat ek de jongerein in stim krijt yn de gemeente.

De twa politike partijen wolle de jongerein mear belûke by de mienskip en de gemeentepolityk, trene op it mêd fan debattechniken, fergaderfeardichheden en it opdwaan fan ûnderfining op it mêd fan bestjoeren.

 

Riedslid Gea Iedema (FNP): "It is wichtich dat ús jongerein heard wurdt. En ik wit dat der potinsje yn ús gemeente is en op de skoallen sit. Dat hawwe wy fernommen doe 't learlingen fan de AMS in debat fierd hawwe oer fjoerwurk en de fraach oft der in ferbod komme moat om it ôf te stekken rûnom de jierwikseling. Der waard op in treflike wize diskusjearre!" 

 

De Jongerein Advysrie sil bestean út jongerein yn de leeftiidskategory fan 14 oant 18 jier, dy't oftewol wenje oftewol nei skoalle geane yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Dit is nedich om safolle belutsenheid as mooglik te hawwen by de te behanneljen punten yn de rie. In minimum fan 5 leden wurdt needsaaklik achte om ta in wurksum gehiel te kommen.

 

 

Havo learlingen yn debat JongereinAdvysrieJA

Diskusje Havo Learlingen

Wethouders jongerdebat

 

In wurkgroep besteande út ûnderskate partijen hat nei in yngeande oriïntaasje in opset makke foar in Jongerein Advysrie (JA). Sy hawwe ûnder oaren kontakt lein mei in dosint oan de AMS en mei de Jeugdgemeenterie yn Harns. Dêr kamen se der efter dat fan dy rie in ynwenner fan Frjentsjer lid is. Samuel Veenstra, krektlyn eksamen dien oan RSG Simon Vestdijk: "De jeugdgemeenteraad heeft mij al veel gebracht. In Harlingen worden we goed begeleid en komen we een aantal keer per jaar bijeen in de raadszaal. We mogen gevraagd en ongevraagd meepraten over allerlei vraagstukken. Het laatste item ging over de vraag of we een Jeugdlintje in het leven moeten roepen en welke kaders we daar dan aan moeten geven. Ons advies wordt daarna uitgewerkt en doorgestuurd naar de gemeenteraad van Harlingen die er vervolgens weer over debatteren en ons advies wel of niet overnemen." 

 

De inisjatyfgroep sil, wannear't it útstel oannommen wurdt, in wurkgroep foarmje foar de begelieding fan de JA. Dizze wurkgroep sil in plan opstelle foar de útfiering en oergean ta oprjochting fan de JA, sa mooglik noch yn it nije politike seizoen 2016-2017. Fansels mei de winsk om dit yn de nije Gemeente Waadhoeke fuort te setten.

 

Govert Geldof (Raadslid D66): "Het wordt tijd dat we de jongeren echt serieus nemen. Uiteindelijk zijn zij het die onze gemeente nog fraaier en vrolijker gaan maken."

 

Seisto JA tsjin it inisjatyfútstel foar it op oprjochtsjen fan in Jongerein Advysrie? Kom dan 16 juny nei it gemeentehûs fan Frjentsjerteradiel (Harlingerweg 8 te Franeker). De riedskommisjegearkomste start om 20:00 oere. It útstel (yn twa talen) fine jo hjirûnder as oanhingsel.

 

 



Downloads:
Inisjatyfu769tstel jongerein advysrie FNP d66 200516.pdf
Initiatiefvoorstel jongeren adviesraad FNP d66 200516.pdf


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer