Yn de riedskommisjegearkomste fan 16 juny fan de gemeente Frjentsjerteradiel hawwe all fraksje mei in protte ethûasjasme ynstimt mei it inisjatyfútstel fan FNP en D66 om in Jongerein Advysrie (JA) op te rjochtsjen. Earder hawwe wy hjir al in nijsberjocht oer publisearre. By dat berjocht is it útstel ek te finen.
Riedslid Gea Iedema waard oer dit ûnderwerp ynterviewd troch Radio Eenhoorn. Samuel Veenstra (foarhinne riedslid by de jeugdrie fan Harns) waard twa wike letter frege om in ynterview te jaan. Beide ynterviews treffe jo as oanhingsel (sjoch ûnderoan dizze pagina) oan.
Kinne jo jongerein dy't mooglik ynteresse hawwe om lid te wurden fan ús Jongerein Advysrie? Wy hearre it graach!
Hasto sels belangstelling? Stjoer een (WhatsApp)berjocht nei Gea Iedema (FNP Frjentsjerteradiel) op 06-46003336 of kom nei de riedsgearkomste fan 30 juny 2016 yn it gemeentehûs fan Frjentsjerteradiel (Harlingerweg 8).