NIJS   05-07-2016


Soargen oer Sinnepark Kie

Ut namme fan de FNP hat riedslid Hans Nauta in pleit hâlden om deroer nei te tinken oft Frjentsjerteradiel yndied mei Solarfields yn see gean moat, it bedriuw dat in sinnepark njonken in yndustrygebied fan Frjentsjer delsette wol.

Nauta hat oanjûn dat sinnepanielen yn de foarm fan in koöperaasje en yn behear by ús ynwenners, in protte mear foardielen biede kin.

 

Yn syn pleit helle der ek oan om de platte dakken op de yndustrygebieden hjirfoar te brûken en lânbougrûn en greidefûgels te sparjen. En ek om yn it belied dat op dit projekt skreaun is wat mear romte te jaan oan inisjativen fan út de gemeente. Spitigernôch hat ús riedslid Nauta de koälysje net oertsjûgje kinnen.

 

Sinnepark Kie 1
Sinnepark Kie 2
 Foto's: http://www.solarfields.nl/zonnepark/franeker/


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer