NIJS   30-09-2016


FNP moasje boarterstunen reekfrij meitsje

Tongersdei 22 septimber hat de FNP in moasje yntsjinne by it boarterstunebelied.

Net allinnich it Longfonds, ek it grutste part fan de Nederlanners fynt dat we net mear roke moatte yn boarterstunen. Dêrom hat it Longfonds in paadwizer (stappeplan) makke wêrmei âlders en boarterstúnferienings sels oan de slach kinne. Der binne 1000-den boarterstunen yn Nederlân. Bern roke mei. Skande fansels, want har longen binne noch kwetsber en folop yn ûntwikkeling. Derneist lizze der faaks peuken op 'e grûn wêr't  de bern dan mei boartsje. Bern kopiearje: it roken sjen, docht roken. Krekt it opgroeien yn in reekfrije omjouwing makket dat bern aanst net sa gau in sigaret opstekke.

 

rookvrijegeneratie


Reden foar riedslid Gea Iedema om in moasje ta te rieden (sjoch bijlage) wêryn't se it kolleezje frege om it inisjatyf fan it Longfonds ûnder de oandacht te bringen by de wyk- en doarpsferienings binnen ús gemeentegrinzen. Dy sille harren ommers dwaande hâlde mei de ynrjochting fan nije tastellen yn de boarterstunen en kinne dit inisjatyf dan ek meinimme. Ynhâldlik ferrûn de diskusje wat frjemd om't wethâlder De Pee it wol meinimme woe yn, mar de CDA-fraksje bang wie dat, as der dan wol rookt wurdt yn boarterstunen, de gemeente miskien frege wurdt om te hânhavenjen. De oare fraksjes (GB, PvdA, CU, VVD) gongen dêr yn mei. Allinnich GrienLinks en D66 wienen (mei de FNP fansels) foar dizze moasje.

Wat hie it moai west as de rie fan Frjentstjeradiel in foarbyld jaan woe troch mei it Longfonds op wei te gean nei in reekfrije generaasje!

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer