Gjin wûnder dat de Bilkerts noed stean foar dit part fan ''t Bildts aigene'. Datselde gefoel sit de FNP'ers yn it bloed. Lykas ús eigen Frysk wol de FNP it Bildts hoedzje. "Dat begjint der mei dat de taal brûkt wurdt en as jo inoar fersteane", neffens de FNP.
Om oan te jaan dat it harren mienen is, sille de fraksjes fan FNP Frjentsjerteradiel en FNP Menameradiel it kommende winterskoft in kursus Bildts folgje. Under lieding fan juf Anna Leistra binne riedsleden Jan Dijkstra, Gea Iedema, Bert Vollema, Hans Nauta en Haaye Hoekstra yn oktober útein set mei de kursus yn sint Anne.
Jan Dijkstra liet witte dat se yn de earste les al in protte leard en der in protte nocht oan hawwe."'t Bildts aigene' is by de FNP Waadhoeke yn fertroude hannen", neffens Dijkstra. De FNP Waadhoeke hopet takom maitiid Bildts mei de Bildtkers kommunisearje te kinnen, klear foar in takomst mei-inoar.