Mei stipe fan gemeente, provinsje, fûnsen en benammen in hiel soad eigen wurksumheid besiket Doarpshûs De Rede yn Rie de begrutting definityf rûn te krijen foar de ambisjeuze nij- en ferbou.
Bestjoersleden fan Doarpsbelangen, De Rede en de boukommisje lieten de politisi sjen wat der allegear by dit grutte projekt sjen komt. De FNP'ers wiene tige optein oer de wize wêrop âldbou en nijbou mei elkoar ferbûn wurde sille. It selskip seach op lokaasje, dêr't de sloop op dit stuit geande is. Der sit in soad kriich yn de doarpsmienskip, stelde FNP fraksjefoarsitter Jan Dijkstra fêst. ‘Sa'n projekt jout ek in soad lokale bining en in mienskiplik doel foar eagen; wy kinne merkbite dat oaren hjir ek wer in foarbyld oan nimme!
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |