NIJS   31-11-2016


Konsekwinsjes foar haltes Dronryp en Deinum nei mooglike oanpassing treintsjinst Harns - Ljouwert m.y.f. 2020

PARSEBERJOCHT 


Menaam, novimber 2016


Konsekwinsjes foar haltes Dronryp en Deinum nei mooglike oanpassing treintsjinst Harns - Ljouwert m.y.f. 2020 


De Provinsje Fryslân hat yn har oanbesteging fan de nije ferfierskonsesje foar ûnder oare it trasee Harns - Ljouwer de ynskriuwers de romte jûn om de trein mar ien kear yn it oere stopje te litten op de haltes Dronryp en Deinum. De reden is dat reizgers út bygelyks Harns en Frentsjer dêrmei de mooglikheid krije om mei har oerstap yn Ljouwert better oan te sluten op de treinen nei Grins en Swolle.
FNP Menameradiel hat op 24 novimber l.l. it foartouw nommen om mei de oare partijen yn de gemeenteried fan Menameradiel in moasje yn te tsjinjen. Yn de moasje wurdt it kolleezje oproppen om in goede tsjinstregeling foar de ynwenners fan Deinum, Boksum, Blessum, Dronryp, Winsum, Baaium en omjouwing yn stân te hâlden. It feit dat de bus fan en nei Snits op den doer ek net mear yn Deinum stoppet soe as gefolch ha kinne dat Deinum en omlizzende doarpen mooglik sterk achterút buorkje mei harren iepenbier ferfier.
De stasjons fan Deinum en Dronryp foarmje in sintraal punt yn it iepenbier ferfier. Beide plakken nimme in foaroansteand plak yn foar wat útwreiding oanbelanget yn de gemeente Menameradiel. It behâlden fan in goede treinferbining is in pree foar de oantreklikheid fan dizze regio.
Foar guon reizgers kin de oerstap yn Ljouwert dan miskien better oanslute op de treinen nei Grins en Swolle, mar foar de ynwenners yn de gemeente Menameradiel soe it mooglik mear tiid kostje kinne om nei Ljouwert te reizigjen en kinne boppedat mooglik mei it oerstappen op oare treinferbinings of bustsjinsten just yn de knipe komme.

De leefberens op it plattelân soe mooglik skeind wurde kinne en de FNP is fan miening dat krekt alles út it fet helle wurde moat om dy leefberens te befoarderjen.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer