NIJS   30-03-2017


Menameradiel: inisjatyf útstel foar Tiny Houses yn Menameradiel

Moandei 27 maart hat FNP Menameradiel in inisjatyf-útstel oangeande Tiny Houses yntsjinne. Se wol dat der ûndersyk dien wurdt nei it ferlet hjirfan.
It útstel sil behannele wurde yn de riedsgearkomste fan tongersdei 20 april.


De FNP stelt foar om ûndersyk te dwaan nei de mooglikheden oangeande Tiny Houses yn de gemeente, sawol kwa belangstelling as beskikbere romte. Sûnt de fraksje foarige wike bekend makke hat mei it útstel dwaande te wêzen, krijt de fraksje in protte positive reaksjes fan doarpsbelangen en ynwenners oer it útstel.

De FNP sjocht yn Tiny Houses de mooglikheid om ynwreidings lokaasjes yn de doarpen in nije bestimming te jaan, ynwenners en ynteressearren goedkeap wenje te litten en dat alles op in ekologysk ferantwurde wize. Dêrnjonken kin it oanbieden fan oare wenfoarmen in nije groep ynteressearren nei de gemeente lûke, as ien fan de mooglike opsjes om fierdere krimp tsjin te gean. Op oare plakken yn Fryslân en Nederlân wie de belangstelling grut.

FNP Menameradiel hopet dat de oare partijen it útstel stypje sille yn de earstfolgjende gemeenteriedsgearkomste op tongersdei 20 april e.k. en dat wy as hjoeddeistige gemeente Menameradiel ús ambysjes sjen litte kinne en de befinings yn Waadhoeke ferbân brûke kinne.

 

 

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer