As FNP binne wy in mienskipspartij. Foar it
behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en
ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de
kant komt te stean.
Op dit stuit binne wy as FNP drok dwaande om ús program foar de
kommende 4 jier yn de aanst nije gemeente Waadhoeke op te stellen.
De Frije Bilkerts út 'e gemeente 't Bildt doen ok met in de nije FNP Waadhoeke.
Tegaar stane wy sterker.
Wy fine it tige belangryk dat safolle mooglik boargers mei prate kinne oer de politike fraachstikken en doelen. Dat kin wat makliker as Jo lid binne/wurde fan ús partij.
Troch dyn stim op de ledegearkomste hearre
te litten, hasto streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP. No ús gemeente mei yngong fan 1 jannewaris 2018 grutter wurdt, is it
opsetten fan in goed netwurk oer de hiele gemeente tige wichtich om
optimaal brûk te meitsjen fan de kennis en kunde fan út de mienskip. Wy komme dan ek graach yn de kunde mei minsken, dy 't as oansprekpunt
fungearje wolle foar ús partij. It soe moai wêze as Jo dan lid wurde, mar is net in betingst. In goed netwurk om te witten wat der libbet ûnder de befolking is tige wichtich om
as partij funksjonearje te kinnen.
As jo belangstelling hawwe dan kinne jo kontakt opnimme mei Sietze de Haan (0629 078090), Johannes Rozenga 06-50401856 , Anna Martha van der Mei (06-29080771)