NIJS   21-04-2017


Opstekker by jierrekken Frjentsjerteradiel

Part fan it oerskot op de begrutting giet nei it doarp- en wykfisyfûns.

Oer 2016 hie de gemeente Frjentsjerteradiel krekt mear as in miljoen oer op’e begrutting. € 400.000 dêrfan wurdt reservearre foar it sosjaal domein, dêr moatte jo fan ôf bliuwe. De rest fan it oerskot soe dan nei de algemiene reserve gean.

 

Tsjom 2
Tsjom 3

 

No hat de gemeente de lêste jierren hieltyd in protte jild oer en kinne we sizze dat de gemeente finansjeel sûn is. Underwilens wie de pot foar it Doarp- en Wykfisyfûns hast leech, wylst der noch wol plannen lizze. Dêrom hat de FNP, mei stipe fan de VVD en Grien Links in amendemint yntsjinne om € 250.000 yn it doarp- en wykfisyfûns te stopjen en dus net yn de algemiene reserve.

 

Dat bedrach wie foar de mearderheid yn de rie te heech. Nei wat ompraten is it bedrach werombrocht nei € 150.000 en waard it foarstel mei algemiene stimmen oannommen. Dêr oerhinne hat de wethâlder ek noch tasein dat, mocht de pot dochs leechreitsje, en der komme noch wat goede plannen, der noch besocht wurdt om dy plannen út te fieren.

 

In boppeslach foar Doarp en Wyk dus!

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer