NIJS   23-05-2017


FNP Waadhoeke op Lammetsymet Sint Anne

“Plaketten hoedzje en flaggen by gemeentehûs Frjentsjer wapperje litte”

Op ‘e Lammetsymet koene de ynwenners fan It Bildt by de FNP Waadhoeke oanjaan wat de politike partij foar de Bilkerts dwaan kin. In protte soargen waarden dield, lykas it behâld fan fasiliteiten; de romte op ‘e dyk oangeande lanbouferkear; wurkgelegenheid op it Bildt ensafuorthinne.

 

Ien fan de minsken joech de suggestje, dat net alle monuminten en plaketten, dy't bygelyks yn it gemeentehûs yn Sint Anne sitte, ferlern gean moatte as it gebou ferkocht wurdt. Hy frege de FNP'ers of wy ús dêr sterk foar meitjse woenen. In oare besiker fan de merke slute dêrop oan en frege of de flaggen fan Menaam en it Bildt earst ek yn Frjentsjer wapperje kinne: "Dan bliuwt it earst dochs noch in bytsje fertroud, letter kinne se dan altyd noch fuort".

 

Al mei al geweldige input. De ynbrochte punten wurde fansels troch de FNP meinommen 'op nei de nije gemeente Waadhoeke'.

Lammetsymet 1 Lammetsymet 3
Lammetsymet 4 Lammetsymet 5

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer